Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: dochter Place of Narration: Twijzelerheide
Kij Plantinga fan Hiltsjemuoiwâlden is myn skoanheit. Dy syn skoansuster, Hiltsjemuoi, wennet oan 'e greate strjitwei by de Koaten. Hiltsjemuoi wyt mear as in oar. Yn 1936 krigen wy in famke, dat woarde dea geboaren. Wy kamen faek by Hiltsjemuoi, dat ik gong dêr hinne om it to sizzen. Sa't ik der by har stie - ik hie noch neat sein - doe sei se: "'t Is...
nl.verhalenbank.34461
Fan sawn dochters is de saunde in nachtmerje. Nachtmerjes komme faek oer 't wetter yn 't ien of oare ding. Sy sjonge hiel moai.
nl.verhalenbank.28835
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. Fan sawn famkes is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33428
Bontsje Keke wenne by 't spoar. Dy seach èk lykstaesjes. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest soms wit hoefier rinne om de lykstaesje sjen to kinnen. Dan roan er om 't leven. Rjochtút. rjochtoan. Hy steurde him net oan hekken of sleatten. Soms kaem er dweiltrochwiet thús, dan wie er troch sleatten hinnebaeid. De hekken gongen út harsels foar him iepen....
nl.verhalenbank.37649
Fan ien fan 'e sawn dochters, dy't op elkoar folgje, sûnder jonges der tusken is de âldste of de jongste in nachtmerje. Fan ien fan 'e sawn soannen is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23774
In suster fan my wie âld-faem. Dy hat ús mem en dy yn 't faillisemint smiten. Mem en dy hienen hwat hinnen nou en dan, it kaem der net rûm om, mar it skarrele sahwat. Hja fortsjinne wyks hwat. Doe hie se op 't lêst safolle oergarre, dat sy kocht twa beesten op 'e stâl. Doe troude hja noch, doe wie se tritich jier. Heit wie al in goeije sawntich jier en...
nl.verhalenbank.22124
Op 'e Houtigehage wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. De mem hiet fan Jeltsje en de dochter Lutske. Net ien fan uzes dy't dêr hwat opite doarst, bihalve ús Boardzer. Mem warskôge him wit hoe faek, mar dêr steurde er him net oan. Ritske en Aeltsje wienen tige earme lju, mar Lutske en har man koenen it skoan rêdde. Doe liende Aeltsje...
nl.verhalenbank.20097
Bontsje Keke wenne yn Twizelerheide. Hy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der altyd ôf om to sjen. Hy roan hiele einen om by in lykstaesje to kommen. Hy woarde prest, hy koe net lizzen bliuwe. Hy hat fan tofoaren sjoen dat syn eigen dochter har forsûpte.
nl.verhalenbank.38333
Doe't ik noch yn 'e hûs wie yn 'e Falom, rôp mem us op in kear: "Hiske, dêr ropt ien fan 'de krante!'" Ik sei tsjin mem: "Gean mar hinne, mar der is neat. Nei in healûre komt de krante wol." 't Wie èk sa. In healûre letter waerd der roppen: "De krante!" En doe wie hy der werklik. Dat wie alle jounen sa. Ik hearde 't altyd in healûre fan tofoaren al en nou...
nl.verhalenbank.22018
Us pake, dat wie Sjoerd Skonk. 't Wie Sjoerd Visser, mar se neamden him sa omdat er in stive skonk hie. Hy wenne op 'e heide. Doe gebeurde it, dat pake siik woarde. Hy lei op bêd. Dêr wienen trije greate jonges yn 'e hûs en ien greate dochter, allegear gewante, soune bern. Der waerd ornearre, pake soe wol bitsjoend wêze. Beppe toarnde it kessen iepen. 't...
nl.verhalenbank.38647
Fan 'e sawn dochters is ien in nachtmerje. Se setten de toffels achterstofoar foar 't bêd om der gjin lêst fan to hawwen. Ek struiden se wol moal op 't gesicht op 't bêd.
nl.verhalenbank.38323
Fan ien fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Nachtmerjes flechtsje hynders flechtsjes yn 'e moanjes. Mem sei wolris, in nachtmerje wie sa'n leaf, lyts mantsje. Ik ha wolris heard dat se oer it wetter farren komme en dan tige moai sjonge, en dat se troch it kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.28442
35