Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Place of Narration: Surhuisterveen
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha dan mat men de klompen achterstofoar foar 't bêd sette.
nl.verhalenbank.22163
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Geart Bijma fan 'e Harkema hearde de nachtmerje altyd wol by 't leiderke opkommen. Dan gong er gau mei de rêch nei de planke lizzen, dan koed er him net krije.
nl.verhalenbank.24263
Der krûpte alris in nachtmerje oer my hinne en doe gong er ûnder my troch. Ik woe him pakke, mar fuort wie er. 't Wie krekt in glêdde swarte kat. Ik ha mar ien kear lêst fan him hawn. De nachtmerjes krûpe troch 't kaeisgat, sizze [se]. Guon struiden froeger moal op 't gesicht. Dan hienen se der gjin lêst fan.
nl.verhalenbank.27045
Froeger seinen se altyd: as jo sa út 'e toffels stappe en jo gean op bêd, dan komme der werkgeesten en dy stappe yn jou toffels om. Dan bigjint it spinnewiel to draeijen en al soksoarte dingen mear. Né, de toffels moesten mei de hakken tsjin 't bedsket oan stean, dan krige men ek gjin lêst fan 'e nachtmerjes.
nl.verhalenbank.26839
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje. Hja komt troch 't slotsgat yn 'e hûs. Ien fan sawn op elkoar folgjende soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27570
Ien fan sawn susters dy't op elkoar folgje, is in nachtmerje. Ien fan sawn bruorren in wjerwolf.
nl.verhalenbank.19881
Pake hie lêst fan de nachtmerje. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Doe joech Wopke him in drank. Hy sei tsjin pake: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net stikken slagge." Doe sei pake: "Hwa duvel soe my dy drank stikken slaen." Doe't der in eintsje op stap wie, kom der in mynhearke oan, dy swaeide mei syn stok en rekke it...
nl.verhalenbank.22056
In nachtmerje wie ien fan sawn famkes út ien húshâlding. In nachtmerje kom troch 't slotsgat yn 'e hûs. Hja koe it slot samar fan 'e doar krije. Se kom der altyd yn. Hja roan nei 't bêd ta. De minsken krigen it binaud, dy koenen har net mear forroere. Se dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kom se der net oer. De toffels of klompen woarden wol...
nl.verhalenbank.36061
In nachtmerje is in frommes. Der wie in boer, dy hie in hynder. Dat dier hie alle nachten lêst fan 'e nachtmerje. Op in kear struide hy kaf oer de rêch fan 't hynder. De oare moarns siet der in frommes yn 't hok, dy struts har it kaf fan 'e klean ôf.
nl.verhalenbank.25391
As men lêst hat fan 'e nachtmerje, dan hat de duvel jin topakken. In nachtmerje is in frommeske. 't Is ien fan sawn dochters, as dy op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Wol men der gjin lêst fan ha dan mat men de klompen mei de hakken nei de doar ta sette. Se komme ek by de hynders. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.27243
Myn oerpake wie boer op it Blauhûs. Pake wie syn soan en wie doe noch yn 'e hûs. Sy hienen in hynder en dat switte him alle moarnen hast útelkoar. Dan wie 't dier deabinaud. Sa stie 't op 'e stâl en 't wie net to brûken. Pake woarde nei greate Wopke stjûrd. Wopke sei: "Dêr is in âld wiif, dy pest dat hynder nachts. Ast wite wolste hwa't it is, dan mast it...
nl.verhalenbank.22057
Omke Linse (van der Veen) wenne yn de Poes (ûnder Surhuzum). Hy wie troud mei Ynskje fan Knjillis Hut. Dat wie in nachtmerje. Dêr hat omke in protte lêst fan hawn. Doe't se noch forkearing hienen kom se alle nachten by him. Omke hie in blêd út 'e bibel ûnder 't holkessen. Mar as er dat us in kear forgeat wied er skjin forlegen. Ek in kear doe hied er in...
nl.verhalenbank.19882
12