Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
33 results
Place of Narration: Surhuisterveen
To Hurdegaryp stiet in hekke. Docht men dy ticht, dan giet er fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.25239
Ik ha sjauffeur west en haw de keppels wol nei Grinslân brocht as se dêr hinne moesten to flaechsteppen ofsa. Dan hienen se it gauris oer spoekskuorren.
nl.verhalenbank.22066
To Hurdegaryp dêr hat in hekke stien, dy't de liuwe noait tichthâlde koenen. Altyd om tolve ûre yn 'e nacht gong dy hekke wer iepen.
nl.verhalenbank.24422
Yn Eastemar roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22209
Yn Stiensgea rint in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.19872
Achter it Fean spoeke eartiids in wyt wiif. Dêr binne wol minsken foar útnaeid.
nl.verhalenbank.19871
It Langpaed rint fan Readskuorre nei de Surhuzumer tsjerke. Dêr kuijeren altyd twa wite wiven. Dy spoeken dêr. Froeger woarden de minsken warskôge: "Tink der om, gean dêr net lâns." Dêr mat us in bigraffenis lâns kom wêze. De wein mei kiste en alles is doe yn 'e sleat rekke.
nl.verhalenbank.22060
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
De homeije by Bennema-state to Hurdegaryp koenen se noait ticht hâlde. Dat hat ek altyd al sa west. It woarde troch myn pake al forteld. Ik ha der altyd om tocht.
nl.verhalenbank.22082
By de Batema's op 'e Mûzegroppewei, woe 't bloed noait wer út 'e flier wei nei de moart.
nl.verhalenbank.22081
Op it Langpaed tusken Surhuzum en Harkema rint altyd in baerch om by nacht. Mar sy kinne dy baerch noait krije, sa hurd kinne se net rinne of fytse. Hy bliuwt altyd foar.
nl.verhalenbank.19877
Oan it Spûkeloantsje op 'e Boelensloane spûke it altyd.
nl.verhalenbank.37984
Ik haw us op bisite west. Werom passearde ik it tsjerkhôf fan 'e Boelensloane. 't Wie al hast nacht. Doe spriek der ien fan it tsjerkhôf ta my: "Hier zal uw rustplaats zijn, maar ach, wasnneer?" Dat hat ien fan 'e deaden west, dy't dat sei. Doe moesten wy letter noch nei Limburch ta. Mar wy bin hjir letter wol wer kom."
nl.verhalenbank.24438
Yn Grinslân hienen se spoekskuorren, mar ik ha noait yn sa'n ien west. Wol ha 'k it meimakke, dat de weinen dêr midden yn 'e nacht op 'e telle hinne en wer rieden. Dat bitsjutte, dat se de oare deis wer brûkt wurde soenen. Ik ha 't ek wol heard dat der midden yn 'e nacht tursken woarde en ek wol dat se oan 't braken wienen yn 'e nacht. Dat wie allegear...
nl.verhalenbank.27258
Der spûke op dat plak ek in grouwe, swarte houn. Doe't myn man syn broer noch forkearing hie, kom er dêr us in kear lâns mei Frouk. Dat wie syn faem. Hy roan in eintsje achter Frouk oan. Frouk bigong ynienen to razen. Sy seach hwat. Doe't myn swager by har wie, hie der neat mear west. 't Hie hwat west, sei Frouk, dat great wie en swart en 't hie greate...
nl.verhalenbank.19874
Yn Surhuzum, tusken de grifformearde tsjerke en it Loantsje, dêr spûket it. Forskeidene minsken doarsten dêr froeger by jountiid net lâns. Myn man hie us op in sneintojoun op 'e fyts nei my ta west. Doe hienen wy noch forkearing. Doe't er tichte by de grifformearde tsjerke wie, woarde er samar op 'e harsens yn 'e feart smiten, mei de fyts boven op him....
nl.verhalenbank.19873
Wy wennen yn in hûs yn Limburch yn Geleen. Myn man hat dêr yn 'e minen west. 't Wie in great hûs. Wy joegen der f 19.25 hier yn 'e maend. Der wenne in Dútse frou njonken my. Die sei tsjin my: "Haben Sie keine Angst?" "Né," sei 'k, "hoedat sa?" "Es spuckt da in das Haus." "Ik bin net bang", sei 'k. Doe't wy de nachts op bêd leinen, gong 't der oan wei yn...
nl.verhalenbank.24259
To Hurdegaryp is in homeije, as se dy ticht dogge jouns, stiet er de oare moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.27050
Yn Hurdegaryp op Bennemastate stiet in hekke, dy giet altyd wer iepen as men him sluten hat. Dêr sil de duvel wol mei achter sitte.
nl.verhalenbank.27257
Wibe Hut is oer de Lange Wyk smiten woarn.
nl.verhalenbank.22069
33