Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: vangen Place of Narration: Surhuisterveen
Ik molle froeger gauris. 'k Wie op in kear fan hûs, ik siet yn 'e buert fan Almelo. Dy deis hie 'k gjin sin oan moljen. It wie krekt as drukte my hwat. Der kommen in pear eksters by my, dy skatteren hyltyd om my hinne. De jouns krige ik in tillegram. Myn heit wie slim siik, ik moest thúskomme. De eksters wienen de boaden.
nl.verhalenbank.26852
In nachtmerje wie ien fan sawn famkes út ien húshâlding. In nachtmerje kom troch 't slotsgat yn 'e hûs. Hja koe it slot samar fan 'e doar krije. Se kom der altyd yn. Hja roan nei 't bêd ta. De minsken krigen it binaud, dy koenen har net mear forroere. Se dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kom se der net oer. De toffels of klompen woarden wol...
nl.verhalenbank.36061
Even bisuden Ljouwert stiet in greate plaets, dat is it Barrahûs. Dêr stiet it beeld fan in soldaet op it hiem. In keardel fortelde my us hoe't dy dêr kom is. Op in joun hie der in soldaet by de boer oankloppe, dy frege om ûnderdak foar de nacht. Dat hie de boer goed foun. In skoft letter hienen der nòch twa frege om ûnderdak, dat wienen in man en in...
nl.verhalenbank.27041
Sytse Jager wie us mei in ploechje maten. Doe is er smiten woarn. Dêr hat er him sa by biseard, dat tonei wie er deabinaud. As er mei ien to murdejeijen gong, dan wienen der plakken, dêr doarst er net allinne lâns. Hy makke leaver hiele omwegen as dat er dêr lâns gong.
nl.verhalenbank.26860
Op it Langpaed tusken Surhuzum en Harkema rint altyd in baerch om by nacht. Mar sy kinne dy baerch noait krije, sa hurd kinne se net rinne of fytse. Hy bliuwt altyd foar.
nl.verhalenbank.19877
35