Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: helmdrager Place of Narration: Surhuisterveen
Wessel Gal is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25395
Dy't it mei heit oan 'e stok krige, dat wie net bêst. Hy wie ta in moart yn steat. Op in kear doe hied er blauwe Turken kocht fan Jarich Hollander. Jarich wenne ek oan 'e Fjouwer Roede, flak by heit en dy. Blauwe Turken dat binne ierappels. Jarich sei, dy moesten bêst wêze. Mar sy koenen dy ierappels net ite, sy wienen sterk. Heit hie se bitelle, dus sy...
nl.verhalenbank.22210
Myn skoanheit Wibe Alma en syn omke Knjillis Hut wienen us op in kear op in nacht op it hiem fan Jille Antsje om moes (= boerekoal) to stellen. Doe sei skoanheit tsjin Knjillis sa: "Dat âld wiif is mei de helm geboaren. Dy sjocht alles." "Soe 't sa wêze?" sei Knjillis. En sy seagen beide tagelyk nei 't hûs. En dêr seagen se Antsje foar 't glês stean. Dêr...
nl.verhalenbank.27254
Dy't in helm yn syn bisit hat, is kûgelfrij. Frijmitselders binne ek kûgelfrij. Dy ha in wikseldaelder. In wikseldaelder krijt men troch trije kear mei in kat yn 'e sek om in tsjerkhôf hinne to gean en elke kear by 't hek to roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Dan stie de duvel dêr. Dy krige de kat en jo de daelder. In wikseldaelder rekket...
nl.verhalenbank.27255
Dy't in helm by him hat is kûgelfrij. De boaten forgean net op sé dêr't se sa'n helm by har ha. Se matte dan sa'n helm keapje. Se binne der pûr gek mei, sizze se.
nl.verhalenbank.24433
Piter de Graaf gong froeger wol to nijjiersroppen. Sa kom er ek us in kear by ús buorlju to nijjierroppen; dy hienen in siik famke. Fuort dêrnei kom er by ús. 't Wie noch yn 'e iere moarn, doe sei er: "As ik aenst werom kom, dan is dat famke hjirneist wei." Dat is útkom. Tsien ûre kom er werom, doe wie 't bern al stoarn. (Deselde dy't it berntsje forlern...
nl.verhalenbank.24255
Piter de Graaf gong der nachts faek ôf. Dan gong er foar 't glês stean en die de kleden oan kant.
nl.verhalenbank.24254
Op in kear sei Piter de Graaf syn frou: "Us berntsje mat nou binnenkoart nei skoalle ta. Wy matte hwat klean foar har keapje." Piter sei: "Dat hat noch wol tiid, dêr kinne wy noch wol hwat mei wachtsje." De deis dat it bern nei skoalle soe, brochten se har nei 't hôf ta. Dat hie Piter fan tofoaren al sjoen. Dêrom hied er sein: "Dat hat noch wol tiid."
nl.verhalenbank.24253
Myn buorman wie Piter de Graaf. Dy leeft noch. Hy wennet nou yn it wurkhûs yn Grinzer Pein. Hy wie mei de helm geboaren. Hwat dy ús allegear wol net forteld hat! Hy seach alles fan tofoaren. Op in moarn kom ik by harren. "Hoe is 't mei 't famke?" frege syn frou. Wy hienen in famke, dat sukkele. 't Bern wie geestlik ek net hielendal goed. Ik sei: "Och, wol...
nl.verhalenbank.24252
35