Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: grond Place of Narration: Surhuisterveen
't Wie yn 'e oarloch. Greate Pier wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy moest by Greate Pier wêze. "Witte jo hwer't er wennet?" frege er. Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en sei: "Dêr wennet er, hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37977
It wienen meastal bern dy't bitsjoend woarden. De bern woarden syklik en dan seinen de lju: it sil wol bitsjoend wêze. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Yn Boelensloane wenne ien, mar sy gongen ek wol nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle. Dan krigen se in drankje mei en der woarde har rie jown. Fremden mochten it drankje net sjen. De tsjoensters makken...
nl.verhalenbank.36064
Der wie us in reizger to Jistrum, dy moest us in skoft wachtsje op 'e wein dêr't er mei ride soe. Om de tiid om to krijen gong er nei 't tsjerkhôf ta. Doe't er dêr hwat omkuijere, woarde er in deadsholle gewaer, dy siet noch heal yn 'e groun wei. Hy nom him der út en doe seach er dat der in rustige spiker troch de skedel hinne boarre siet. De reizger lei...
nl.verhalenbank.20995
Oene Bosma wie kastlein yn Droegeham. Hy hat in skoft yn Amerika sitten, mar letter is er yn Droegeham werom kaem. Dy fortelde ús ris, dat Roel de Haan, in slachter fan Surhústerfean hie ris by him yn 'e herberch sitten. Doe sei er tsjin Oene Bosma: "De earste de bêste dy't ik aenst yn 'e mjitte komme, dy sil ik oer de wereld smite." Hoe koe 't sa treffe,...
nl.verhalenbank.38367
Tseard van Dekken wie plysje yn Droegeham. Dy stuts Ymke de Jong op 'e merk de gek alris oan. Doe hat Ymke him in hiel skoft stean litten. Hy koe net in kant mear út.
nl.verhalenbank.27250
Sterke Hearke is yn 1889 stoarn, heit hat him noch wol kend. In skoalmaster yn Twizel hie lân yn 'e Bûtenpostumermieden lizzen. Heit en dy wennen yn Surhústerfean, Hearke yn 'e Harkema. Hearke en heit koenen elkoar tige skoan, hwant sy wienen beide bijker en dêrtroch kamen se wol gauris by elkoar. Hearke hie dat lân dêr yn 'e mieden fan dy master hierd....
nl.verhalenbank.37512
Op in kear, doe wie Jan Hepkes op it hiem oan 't meanen. Hy hie oan 't harjen west, mar hy hie noait wer om 't harspit tocht. Dat hied er yn 'e groun stutsen. Hy meande mar troch en mar troch, doe ynienen wie 't : ping! Jan tocht: Hwat is dàt - "Ik meande troch", sei er. Mar ik tocht alris: "it wol sa goed hast net. Ik mat mar ris harje. Ik sykje om 't...
nl.verhalenbank.28732
Sytse Jager wie us mei in ploechje maten. Doe is er smiten woarn. Dêr hat er him sa by biseard, dat tonei wie er deabinaud. As er mei ien to murdejeijen gong, dan wienen der plakken, dêr doarst er net allinne lâns. Hy makke leaver hiele omwegen as dat er dêr lâns gong.
nl.verhalenbank.26860
35