Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
35 results
Place of Narration: Surhuisterveen
Tsjoensters forgaderje as katten.
nl.verhalenbank.22214
De tsjoensters foroarje har faek yn katten. Soms hâlde dy katten in forgadering. Dan kinne se hiel moai sjonge.
nl.verhalenbank.19876
In tsjoenster kin samar in kat wurde. As katten forgaderje de tsjoensters meiïnoar yn 'e iepen loft. Yn 'e sawn jier mat de tsjoenster op syn minst ien deatsjoene, oars giet se sels dea. Sy bitsjoene de bern. Dan tsjoene se krânsen yn it bern syn kessen. Dy krânsen matte opbrând wurde.
nl.verhalenbank.27046
Se hienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.27232
Tsjoensters fljogge troch de loft op in biezemstok.
nl.verhalenbank.37529
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje, mar ek wol yn allerhande oare dingen. Alde Jelle Tryntsje wie sa'n tsjoenster. Hja wenne yn Gr. Pein. Bearn van der Woude wenne foar yn 'e Parken. Op in joun kom er bûtendoar, doe seach er dêr in branjebult, dy wie der oars net. Hy giet yn 'e hûs, pakt syn gewear en sjit op dy bult. De oare deis moest Jelle...
nl.verhalenbank.25225
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje. Hja tsjoene krânsen yn 'e kessens. Harms Ale die dat ek, dy wenne yn 'e Harkema. De bern dy't dêr op leinen, wienen bitsjoend. 't Gebeurde wol dat se in kat sloegen. Dan hie in âld-minske de oare deis in stikkene skonk of earm. As se de krânsen forbrânden fleagen de katten by de glêzen op. De lju hienen hâlden en...
nl.verhalenbank.27235
Tsjoensters binne yn 'e nacht warber. Ienkear yn 'e sawn jier matte se ien deatsjoene. Op syn minst. Kinne se it net mei minsken rêdde, dan bitsjoene se dieren. Dêrom seach men froeger faek skiep en geiten mei in stikje duveldrek ûnder 'e hals.
nl.verhalenbank.24428
Alde Jehannes' Wyts wenne op 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster. Guon ha har ris oer de wyk fleanen sjoen. Ien fan har dochters hie in famke. Dat famke is troch har bitsjoend woarn.
nl.verhalenbank.24261
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se ek forgaderingen op in stik lân achter de buorren. Dan sjonge se. De dikke boarre hat dêrby de lieding.
nl.verhalenbank.22063
Froeger hienen se hjir allegear duveldrek ûnder 'e drompels foar de tsjoensters. En fóár de drompel hienen se in krús.
nl.verhalenbank.24413
Der binne tsjoensters dy ha popkes, dêr't se nou en dan mei spjelden yn stekke. Dan krije guon pine.
nl.verhalenbank.27249
Fan 'e tsjoensters mat der om 'e sawn jier ien dea. As der in fremde kat slein of smiten woarde, koe men der mar fan op oan dat de tsjoenster de oare deis in doek om 'e kop hie. Dan wie se bitsjoend.
nl.verhalenbank.37982
Jelle Tryntsje hat myn muoike deatsjoend (in suster fan myn heit). Sy kom sa nou en dan by har en dan sei se: "Hoe is 't nou mei Sjoeke?" Dan nom se Sjoeke hwat mei en sa. Doe't Sjoeke dea wie sieten der trije krânsen yn 't kessen.
nl.verhalenbank.25226
In soan fan myn twadde man giet nei de Tille ta nei 't wurk. Op in moarn seach er dêr in frommes stean mei in molkbus by de wei. "Moarn Tiet", seit er. "Moarn Jan", seit se. "Yn 'e tiid dat ik nei har seach," fortelde er, "stie der in kat op 'e dyk." Doe wie Jan kjel woarn. Nou, dan wite jo it wol.
nl.verhalenbank.22213
In tsjoenster hie altyd ien of twa swarte katten yn 'e hûs. Hja koe harsels yn in kat foroarje. 't Gebeurde wolris dat sa'n kat troch de iene of oare oan 'e foarpoat biseard woarde. Dan hie de tsjoenster de oare moarns in seare hearm of de hân yn 'e doek of in oar mankemint. De katten hâldden meimankoar in forgadering. Dat wienen dan tsjoensters. As der...
nl.verhalenbank.26843
Om 'e sawn jier mat de tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.22070
Jelle Tryntsje frege altyd. Men moest oppasse en siz noait trije kearen 'ja' achter elkoar. Dan hie se jin.
nl.verhalenbank.25228
Rikele Myt koe samar in geit bitsjoene. Sy struts it dier allinne mar even mei de hân oer de rêch. Dan bigoun de geit to razen en gong dea. Rikele Myt hie de kweade hân.
nl.verhalenbank.29140
Yn 'e Harkema wenne in âld minske, Fogeltsje-moai. Hja hie petroalje en baelders to keap. It wie in tsjoenster, seinen se. De bern wienen bang foar har, dy doarsten net nei har ta. Der woarde sein dat se wol bern deatsjoend hie.
nl.verhalenbank.27234
35