Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: wit Place of Narration: Sumar
Age Bergsma (wennet nou op 'e Sweach) seach ris op in nacht trije dames, alhiel yn 't wyt, hjir deun by. Hja gongen oerdwars. "Doe't ik der oan ta wie," sei er, "wie der neat mear."
nl.verhalenbank.20395
By de Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in wite juffer.
nl.verhalenbank.20270
Anne Bult, dy't letter forsûpt is, fortelde, hja wienen us as jongfolk op in joun by elkoar bûtendoar. Der woarde op 'e harmoanika spile en hja hienen alle wille. Doe sweefde dêr in wyt ding om. Dat sweefde hinne en wer. Anne sei: "As 't wer lâns komt, dan sil ik sjen dat ik it krij." Dêr kom it wer oan. Ik raemde him, mar ik hie neat. Der siet gjin...
nl.verhalenbank.32483
Op Hústerheide (ûnder Burgum) dêr spoeke soms ien om mei in great wyt ding op 'e holle. Dat gong nou us omheech en dan wer omleech. Forskate lju ha it sjoen.
nl.verhalenbank.20276
Op it tsjerkhôf yn de Pein spoeke it. Us omke wie slachter, dy gong us op in joun oer it tsjerkhôf fan de Pein nei 't Swartfean. Doe wie dêr in wyt spoek en dat siet him nei. Hy woarde sa deabinaud, dat hy hat it ridskip der mei forspile.
nl.verhalenbank.21192
Myn muoike hat faem west yn 'e Pein by Sjoerd Bosma. Sjoerd Bosma wie foar de twadde kear troud. Hy hie syn earste frou biloofd, dat er net wer trouwe soe. Mar hy die 't al. Doe makke syn earste frou him nei har dea it libben sûr. Se liet har algeduerich sjen. Hy koe 't net langer foar elkoar hâlde. Op in moarntyd lei der in stikje wyt papier op 'e tafel....
nl.verhalenbank.12255
Op 'e Hearrewei spoeke it. It wie in wite gedaente. It wie in manspersoan. Myn omke wenne yn 'e Wierren. Op in joun hied er nei de horloazjemakker west yn 'e Pein, omt syn horloazje net doogde. Doe't er werom kom, siet dyselde yn 't wyt achter him oan. Alhiel út 'e liken kom omke thús. Syn mem frege: "Hwat skilt dy?" It spoek hie him oan 'e doar ta folge.
nl.verhalenbank.21187
Beint Dekker (= Boonstra) kom us in kear út 'e kroech wei fan 'e Harste. Doe't er de Hearrewei in eintsje delroan wie, seach er in wyt ding op 'e wei. Beint sei: "Ast hwat wolste, mast hjir komme, dan sil 'k dy krije." En hy skopte tsjin dat wite ding oan. Doe kom dat op him ta en gong him op 'e klompen sitten. En doe hat it Beint yn 'e berm smiten.
nl.verhalenbank.20282
8