Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: spookplaats nacht Place of Narration: Sumar
Myn bruorren Tamme en Wytse hienen elk in faem yn Drylst to wenjen. Dêr hienen se ris togearre op 'e fyts hinne west. Doe't se weromkamen yn 'e neinacht, doe wienen se sahwat oan 'e Wergeaster mar ta, by Idaerd, doe hie Wytse ynienen sein: "Sjoch, dêr is in fanke, dy rint dêr by 't foarste tsjil fan myn fyts lâns." Fuort dêrnei hie Tamme itselde fanke...
nl.verhalenbank.31902
Oan 'e greate Ryksstrjitwei by de Stateheide-reed (Burgumerheide) roan nachts in swarte juffer om mei toffels oan.
nl.verhalenbank.20334
Fan Easterein nei de Achterwei to Garyp roun jouns en yn 'e nacht altyd in houn om. 't Wie in spûkhoun. Hy roun oan ien kant fan 'e wei. Jy moasten der foar oppasse en rin him noait yn 't paed, hwant dan koed er ris bite en dat wie levensgefaerlik. Jan Kruk (Huizenga) moast alle jounen nei it midden fan 'e Easterein ta. Dêr wenne er. As er jouns let thús...
nl.verhalenbank.32322
Der brânde op in plak yn Hústerheide ek altyd in fjûr by nacht.
nl.verhalenbank.20277
Yn Rottum (in lyts plakje yn Grinslân) stie in spoekskuorre. Dêr gong it yn 'e nacht altyd op in klopjen en timmerjen. Yn dy skuorre koenen nachts gjin minsken forkeare.
nl.verhalenbank.20261
By âlde dokter de Boer yn Hurdegaryp - de foargonger fan dokter Bontekoe gongen de sluten hekken nachts út har sels wer iepen.
nl.verhalenbank.20263
Yn 'e plaets fan Theunis Oostenbrug op Burgumerheide roannen nachts in pear famkes it bûthús op en del en dy kuijeren dêr sa'n hiele nacht hân yn hân hinne en wer. Der waerd wol biweard dat ien fan dy famkes dêr yndertiid formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.20335
7