Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: zondag Place of Narration: Sumar
As ien hwat oan hie, dêr't op snein oan naeid wie en hy lei op syn stjerbêd, dan koe der soms net stjerre. Men gong wol hinne en skuor dat wer stikken, dan stoar dyselde fredich.
nl.verhalenbank.12262
Knipt men neils op snein, dan mat men dy stikjes neil yn 't hjirneimels allegear wer opsykje.
nl.verhalenbank.36270
Yn 't Princenhof bouden Freark Prûk en syn soan in hûs (Helfrich, de duvel fan Earnewâld). Op snein mitselen se en bouden se. Der kom safolle spûkerij, dat it hûs rekke dêr wer wei. Ien út Aldegea hat it kocht.
nl.verhalenbank.32475
As jy hoazzen breidzje op snein, dan geane de fuotten it earst dea.
nl.verhalenbank.32476
Der wienen by in boer de moandeis twa dikke bargen dea, doe't er de sneins yn 't hea west hie.
nl.verhalenbank.32477
Us oerpake hat alris in bijeflecht foun. Doe't er yn Napoleonstiid in namme opjaen moest sei er: van der Flecht. Fanwege dy bijeflecht. Mar dat mocht net omt 'Flecht' in Frysk wurd wie. Doe is 't 'Vlugt' woarn. Hy hiet sûnt Wibe Popkes van der Vlugt. It gebeurde yn 1856 of '57. Itske wie myn omke, in broer fan heit. Sy wennen yn in greate plaets oan 'e...
nl.verhalenbank.32912
Minsken dy't net stjerre kinne ha faek in ding oan, dat op snein makke is. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, dan is 't goed. Dit sei ús mem froeger. Hat ien in moart dien, dan kin er ek net stjerre. Dan mat er dat earst bikenne.
nl.verhalenbank.32446
Sneinswurk En sa wurdt it yn 'e Wâlden ferteld: Hjir by Garyp om giet it ferhaal fan in pear boeren, dy wienen sa rûch as tou en se arbeiden sneins ek. Se dienen al folle tegearre. Yn 'e ûngetiid wienen se op in saterdeijûne let noch oan't healoeien. Se seinen: 'It lêste foer hea wolle wy jûn noch binnen ha, al sille wy der ek de heale snein mei...
nl.verhalenbank.12959
35