Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: ziekte Place of Narration: Sumar
Wibe Alma fan 'e Harkema wie ien fan 'e raersten. Hy leeft noch. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Dat hat faek bliken dien. By nacht doarst er noait reizgje, hwant dan wied er wol in fearnsjier út 'e liken. Hwant by Piter Simensjonges achter 'e dyk kom in pleachbeest foar 't ljocht. Dat wie krekt in grouwe swarte houn en dêr moest Wibe dan mei fechtsje. Dat...
nl.verhalenbank.20217
Der wie in âld man - 't sil yn 'e buert fan Drachten west ha, tink ik - dy hie fé op 'e stâl stean, mar dat fé wie allegear bitsjoend. De kij woenen gjin drinken en gjin fretten ha en 't wienen allegear skarminkels, sa meger wienen se. By dyselde man gong alle dagen in drip bloed troch de souder hinne en dy foel altyd yn 't kopke dat op 'e tafel stie en...
nl.verhalenbank.36258
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
nl.verhalenbank.32176
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde." Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt." It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea. De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
Myn omke wenne by de boer. Hy hie twa hynders. Hy hie hwat hier fan 'e moanjes elk apart yn in pûdtsje meinom sa kom er by Hinse de Boer. "Fan twa sike hynders", sei er, en hy joech it pûdtsje oer. Hinse seach it hier nei. Doe die er yn 't iene kladtsje medesyn. Dat kostte fiif en sawntich sinten. Yn 't oare pûdtsje died er hjouwer en beanen. Dat kostte...
nl.verhalenbank.32460
Tsjin kinkhoast mat men brune tar op in komfoar mei hite koallen siede litte. Binnen seis dagen is de kinkhoast oer.
nl.verhalenbank.20266
Der wenne in man op Burgumerheide, dat wie froeger in feardige arbeider. Deis wied er altyd drok oan 't wurk en jouns skearde er wol om der noch hwat by to fortsjinjen. Mar letter woarde er syklik en kom er hielendan yn elkoar to rinnen. (roungear) Doe gong er nei in kwaksalver ta. Dêr mastere er mei. Dat wie tagelyk in duvelbander. Dy die him in bantsje...
nl.verhalenbank.20339
As in minske fan 'e sângroun nei de klaei ta giet, dan kriget er binnen trije dagen de koarts. Mar dat is neat. Binnen tsien dagen is er it wer kwyt. Hy mat dan hinnegean en yt de giele hartsjes op fan 'e koeblommen. De earste dei ien, de twadde dei twa, ensfh. De tsiende dei tsien. Dan is de koarts fuort. Mar dan mat er nòch tsien dagen achter elkoar...
nl.verhalenbank.20265
Tseard Oosterman syn muoike fan 'e Tike hie in skiep siik. Dat wie bitsjoend. Der kommen trije ielen út sa dik as in earm. Der wie ien dy sei: "Dat is in goed miel." Mar de muoike fan Tseard sei: "Hwat miene jo, dat wy dy opite?" It skiep woarde wer better.
nl.verhalenbank.32470
Alde Piter Kloosterman fan Garyp kom us by heit en dy to jounpraten. Doe fortelde hy, it berntsje fan syn buorlju hie tige siik west. Sy tochten, it bern kin wol ris bitsjoend wêze en doe toarnden se it kessen iepen. Doe kom dêr in krâns út. Doe wienen dy lju by âlde Piter kom, as dy even foar it bern nei de duvelbanner ta woe. Dat koe Piter fansels min...
nl.verhalenbank.36218
Heit hat wol us in nachtmerje op 'e bealch hawn. It frommes gong him op it boarst sitten sa dat de siken him bisetten. Sa'n frommes lit har pânse thús.
nl.verhalenbank.20225
Alle Tet fan 'e Harkema liet har pânse ek thús. Dat mat in dikke pânse west ha. Guon ha him wol us sjoen. Sy hat èk us by ds. Nieuwenhuis west mei iel, doe hie se allegear blauwe plakken op 't gesicht. Dat hie de duvel dien fansels. Dûmny frege: "Hoe komt dat zo?" Tet sei: "Wy ha koarte bêdsdoarren en dêr stomp ik my altyd mei de kop oan." Har man wie...
nl.verhalenbank.20226
As Hearke Ophuis fan 'e Harkema by 't fé kom, dan woarde dat siik. Hy struts it fé mei de hân oer de bealch. Dan bigongen se to sukkeljen en stoaren. Hy hie de kweade hân. Syn eigen bern hienen 't himd achterstofoar oan. De famkes hienen roggekerrels yn 'e klean binaeid. Rogge is heilich. Se dienen yn 'e Harkema wol brea yn 'e kaeisgatten fanwege de...
nl.verhalenbank.20236
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner. Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
nl.verhalenbank.31488
Yn 'e Westerein wenne in man dy hie in fanke en dat woarde siik. Doe gong er foar har nei greate Wopke fan Kûkherne. "'k Sil jo guod klearmeitsje", sei Wopke. De Westereinder moest troch stikjes lân wer nei hûs ta. Sa wie hy ek yn Kûkherne kom. Wopke sei: "Aenst matte jo by forskillende hekken om in omstap hinne. Tink dan om 'e greate houn dy't by jo...
nl.verhalenbank.20341
35