Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: wagen Place of Narration: Sumar
Jehannes Meerstra hat tsjinne by Doede Postma. Dy wenne oan 'e Simmerdyk, oan 'e kant fan Burgumerheide. Op in moarn krigen Jehannes en de boer wurden, wylst se by de thétafel sieten. Doe soenen se dongride. Jehannes hie in wein laden. De boer hie de beide hynders klear. Dy spande hy der foar. "Fuort, beesjes", sei er. Mar de hynders bleauwen stean dêr't...
nl.verhalenbank.21120
Op in kear wie Jehannes van der Zee yn de Pein oan 't klaeimodder laden. Hy laedde de terpmodder fan 'e bult op 'e wein en ried der dan mei nei 't lân ta. In eintsje fierder, sa fortelde Jehannes, stie ek in keardel. Dy wie ek oan 't laden by in klaeimodderbult. En dy stapte om 'e wein hinne, sei er, en dy sette de sketten torjochte en dy stapte wer om 'e...
nl.verhalenbank.33357
Sibe Meeksma wie smid oan 'e Hearrewei to Sumar. Dy wie ek omrake sterk. Op in kear kom Albert de Boer mei in weinfol sân de Hearrewei del. Doe sakke ien fan 'e fjilden der ûnder wei. Albert de Boer nei Meeksma ta. "Kinne jo my ek helpe?" "Mar ris even prebeare", sei Meeksma (hy sei altyd: prebeare). Hy naem in blok mei nei de wein ta. Doe sei er tsjin...
nl.verhalenbank.36225
De Abbekaten 'It Abbekatelân leit by de Spoeketsiene. Wy koenen it lân oars net as De Abbekaten. Yndertiid binne der twa abbekaten fan Olterterp, Beetstersweach helle. Lubbert hiet de iene, dat sei ús mem altyd. Lubbert en Olfert hjitten se. Dy twa abbekaten spoeken nci har dea dêr by Olterterp om en de minsken hienen der tige lêst fan, foaral yn 'e...
nl.verhalenbank.13716
Us heit wie út in sterke famylje. Syn pake hie ris oan 't dongriden west. Dat wie yn Twizelerheide. De dong moest út 'e skerne wei riden wurde. Hy hie in âld hynderke en dat koe 't net lûke. "Alde smearlap," sei er, "kinst it wer net dwaen?" Doe die er it hynder foar de wein wei en doe skuorde er mei de lulke kop de wein der sels út.
nl.verhalenbank.36242
Dyselde man seach ek in bigraffenis fan tofoaren. Hy sei: "Der rint in wyt en in swart hynder foar de wein." Dat leauden se net, hwant dat gong tsjin 't gebrûk yn. Mar 't kòm wol sa út. Troch omstandichheden moest der in wyt hynder by.
nl.verhalenbank.25629
35