Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: vuur Place of Narration: Sumar
Biesterveld Heit en dy ha wol ferteld oer Biesterveld. Dat moat in troch ende wer troch grutte boef west hawwe. It wie oars mar in plat keardeltsje, mar hy stie foar ien moard net. Hy kaam út 'e bûtenlannen; se seinen wol fan út Hongarije. Hy wie hjir hingjen bleaun en moat yn Drachten en op 'e Gerdyk wenne ha. Op 'e Sweach hat er skearbaas west. Se ha...
nl.verhalenbank.13037
De plaets fan Tsjibbe Deelstra hat ek yn 't ljocht stien. Letter is er ôfbrând.
nl.verhalenbank.32472
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464
Op 'e Tike is in fjûr sjoen woarn boven popelieren. Dy wienen doe noch lyts. Dêr stie in plaets ûnder. "As de popelieren great wurde sil de plaets opbrânne seinen de lju dy't it fjûr sjoen hienen. En 't is ek sa útkom. Sa is it ek gebeurd.
nl.verhalenbank.32471
Der brânde op in plak yn Hústerheide ek altyd in fjûr by nacht.
nl.verhalenbank.20277
Op in moarntiid, sahwat om fjouwer ûre hinne, kom der us in ljocht op my ta. Doe dwaelde 't ek wer ôf. Dat hat foartsjirmerij west. Dat binne nou de fleanmesines. Doe neamden we dat wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.20231
Sa wie der ek in frou, dy bitichten se der fan dat se tsjoene koe. Dat fortelden se ek oan har man. Dy woe der mear fan wite. Sy hienen glêzen mei blinen der foar. Dy kommen jouns ticht. Der sieten hartsjes yn dy blinen. Op in joun gong de man der út. Bûten gong er foar ien fan dy hartsjes stean om to sjen hwat der binnen gebeurde. Doe seach er dat syn...
nl.verhalenbank.24525
35