Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: tillen Place of Narration: Sumar
Hjir yn Sumar hat in tige sterke smid wenne. Meensma hiet er. Dy tilde samar fjouwerhûndert poun op. Yn 'e oarloch wie de brant tige krap. Der wie in boer, dy hie in grouwe beam. Meensma hie forlet fan branhout en hy frege dy boer om hout. "Jo meije dy beam ha," sei de boer, "as jo him nei hûs ta sjouwe." Dat nom Meensma oan, en hy hat it dien.
nl.verhalenbank.25636
Greate Pier wie in hiele sterke keardel. Op in kear wied er us oan 't ploeijen. Hy hie 't hynder foar de ploege spand. 't Wie noch in âlderwetske ploege mei in houten balke. Doe kom der in fremde man op him ta en dy frege: "Wite jo hwer't greate Pier wennet?" Doe sloech Pier it hynder foar de ploege wei. En hy naem de ploege yn 'e rjochterhân en tilde him...
nl.verhalenbank.21123
Sterke Hearke wie us oan 't ploegjen. Doe wienen der minsken dy kommen by him en dy seinen, dat se dêr en dêr wêze moesten. As hy ek oantsjutte koe hwer't dat wie. Doe nom Hearke de ploege en wiisde der mei nei in hûs en sei: "Asjyblyft, dêr wenje se."
nl.verhalenbank.25635
Der wenne in frommeske yn Sumar, dat wie famylje fan Sterke Hearke. Hja luts samar twa kroadfollen jirpels troch de modder hinne. Net in keardel dy't it dwaen koe, hja die it allinne. Sy nom ek samar op elke earm in sekfol jirpels, dy't se nei de wâl ta sjoude. Hja skreau har Borger.
nl.verhalenbank.25634
Der wie ien dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Mar hy koe Hearke net. Doe't er yn Droegeham kom seach er in man, dy wie op 't lân oan 't ploegjen. "Wytst' ek hwer't Hearke wennet?" frege er. Doe sei dyselde: "Dêr wennet er." En hy tilde de ploege mei sturt en alles omheech en wiisde sa nei syn hûs. "O," hie dy man sein, "dan wit ik it wol." Hy wie...
nl.verhalenbank.32924
Har broer droech in greate swiere roeiskou op 'e skouders út 'e feart wei nei in oare feart ta. Hy mat ek ûnder tsjinst west ha. Hy woe graech by de soldaten wei en doe frege er de kaptein of er frij fan 'e tsjinst wêze mocht: dan soed er in great anker fan 1400 poun om 'e kaserne tille.
nl.verhalenbank.32922
Yn 'e Rottefalle hat in hiel sterk frommes wenne. Dat wie Jantsje Boom. It wie in skippersdochter. Dy wie sa sterk, dat hja droech samar twa sekfollen ierappels - dat wie 140 poun -, ûnder elke earm ien, fan 'e Rotfalle nei de Folgeren. Dat wie mear as in healûre gean. Dan bleau se ûnderweis ek noch stean to praten sûnder dat se de sekken delsette.
nl.verhalenbank.32921
Der wenne yn Sumarreheide in boerearbeider. Dat wie in swetser. Hy wie nergens bang foar, sei er. Hy doarst by dei en by nacht oeral wol hinne. Op in kear, doe moest er oer in plankje. Doe siet dêr ien op him to wachtsjen. 't Wie gjin goed spul, dat seach er wol. Dyselde nom him op en smiet him yn it wetter. Doe wie dy arbeider aerdich bikom.
nl.verhalenbank.21365
Alde Melle potskipper fan Sumar farde op 't fearskip. Dy wie èk tige sterk. Op in kear hied er in fracht fan 'e smid yn de Pein. Wylst de smid yn 'e hûs siet to kofjedrinken krige Melle 't ambyld fan 't blok en sette 't bûtendoar del. Mei man en macht koenen se it net wer toplak krije. Doe moest Melle komme. Dy sette 't wer op 't blok del.
nl.verhalenbank.36224
Sibe Meeksma wie smid oan 'e Hearrewei to Sumar. Dy wie ek omrake sterk. Op in kear kom Albert de Boer mei in weinfol sân de Hearrewei del. Doe sakke ien fan 'e fjilden der ûnder wei. Albert de Boer nei Meeksma ta. "Kinne jo my ek helpe?" "Mar ris even prebeare", sei Meeksma (hy sei altyd: prebeare). Hy naem in blok mei nei de wein ta. Doe sei er tsjin...
nl.verhalenbank.36225
Yn Drachten wenne Jehannes v.d. Kuip. Dy koe goed mei de gewichten omgean. In gewicht koe net sa swier wêze of hy tilde it op. Dokter Bleeker wie dêr húsdokter. Dy seach krekt dat Jehannes in swier gewicht optilde. "Dokter is èk sterk. Kinne jo dat?" frege er. "Daar ben ik niet voor gebouwd", sei dokter, mar hy krige in swier gewicht op 'e pink en hâldde...
nl.verhalenbank.36246
Ruerd en heit gongen ris op in kear nei 't kafé op 'e Drachtster Pipe, by de brêge. Doe't se dêr yn kommen seagen se dêr in hiele ploech sitten. Dy kommen fan 'e merk, hwant it wie dy deis krekt Drachtster merk. 't Wienen meast keaplju en it gong dêr wakker op in swetsen en swearen. 't Wie dêr in lawaei fan je heisa. 't Wie lang gjin noflik folk. Heit en...
nl.verhalenbank.36244
Ek in kear doe wie Ruerd yn Grinslân. Doe wienen se dêr oan 't útstekken mei in bats. Hwa't it measte útstekke koe op 'e bats. De earm woarde dêrby rjocht foarút hâlden. Dy't it measte op 'e bats hâlde koe hie 't woun. Ruerd die net mei. Mar doe seinen se tsjin him: "Nou dû." "Ik wol net," sei Ruerd, "ik bin net sa sterk." Mar hja hâldden oan. Doe sette...
nl.verhalenbank.36245
35