Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
27 results
Dutch Keywords: spook Place of Narration: Sumar
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot. Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen. Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
Yn 'e bocht fan 'e Pasterijelannen, op 'e hoeke, yn Sumarreheide spoeken altyd trije hearen om. Dy sieten dêr mei papieren yn 'e hannen.
nl.verhalenbank.24515
By dokter Bontekoe to Hurdegaryp stie in hekke, dy't altyd fansels iepengong. Dat gebeurde krekt om tolve ûre yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.36264
By de boskjes by de pleats fan Jelke Algra spûke it. Ien krige dêr ris in rare stomp tsjin 't skouder oan, doe't er dêr lâns fytste. En doch wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.31807
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Myn bruorren Tamme en Wytse hienen elk in faem yn Drylst to wenjen. Dêr hienen se ris togearre op 'e fyts hinne west. Doe't se weromkamen yn 'e neinacht, doe wienen se sahwat oan 'e Wergeaster mar ta, by Idaerd, doe hie Wytse ynienen sein: "Sjoch, dêr is in fanke, dy rint dêr by 't foarste tsjil fan myn fyts lâns." Fuort dêrnei hie Tamme itselde fanke...
nl.verhalenbank.31902
Op 'e Iestpleats to Sumar spûke it altyd. Dêr hie in boerefaem wenne, dy hie dêr in pear kear in bern op 'e wrâld brocht - dy wienen fan 'e boer - en dy bern wienen dêr formoarde en sûnder klean oan bigroeven. Nei dy tiid, as it tsjuster waerd bigoun it dêr yn 'e skuorre to spûkjen. Dan dânsen der trije neakene berntsjes om 'e stile hinne. Dy koenen dêr...
nl.verhalenbank.32065
Yn Earnewâld wie op in moarn bitiid in man bûtendoar, 't wie noch skymrich. Doe seach er in fanke foar him op rinnen. Hy seach dat se yn 't wetter, flak foar him, weiwaerd. Doe't hy der by kaem, wie se der net. Hwer't se bleau wie him in riedsel.
nl.verhalenbank.31790
De Susterwei rint fan Garyp nei Sigerswâld ta. Dêr binne yndertiid trije susters formoarde. Age Bergsma wie sa'n 20 jier âld, doe roun er op in joun let fan Sigerswâld nei de heide ta. Hy seach in kear om en doe kamen der 3 neakene froulju fan achteren op him yn. Doe bigoun Age to rinnen sa hurd er koe. Hwant hy waerd deabinaud. Mar dy froulju koenen noch...
nl.verhalenbank.32066
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464
As der op 'e Tike ien forsûpte, dan spoeke it letter op dat plak.
nl.verhalenbank.21196
By 't Godloas Tolhûs tusken Beetstersweach en Lippenhuzen spûke it ek. Ek op 'e Mûzegroppewei by Rottefalle spûke it. Op 'e Kleasterloane to Burgum spûke it ek. Dêr kreunde nou en dan hwat.
nl.verhalenbank.36261
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.25631
Greate Evert wie in spoek fan 'e Sumarreheide. Hy kaem jouns let achter de minsken oanslûpen en dan bûgde er fan achteren syn holle oer 't skouder fan 'e minske hinne. Hy wie ôfgryslike lang.
nl.verhalenbank.31631
Fan 'e Geriper hoeke (de âlde tramwei) nei Garyp ta spoeke yn 'e buert fan Bôkke Algra in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21367
Op 'e Tike spoeke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.25638
Age Bergsma (wennet nou op 'e Sweach) seach ris op in nacht trije dames, alhiel yn 't wyt, hjir deun by. Hja gongen oerdwars. "Doe't ik der oan ta wie," sei er, "wie der neat mear."
nl.verhalenbank.20395
Myn heit wie trije jier, doe forlear hy syn âlden al. Hy woarde greatbrocht by âlde Abraham van der Leest, syn omke. Froeger gongen se to meanen mei de Earnewarren. Dan moesten se de Prikwei del. Dêr moesten se dan neigersmeane. Heit en Abraham wienen togearre. "Jonge," sei Abraham tsjin heit, "wy koenen wol hwat blêdreid ôfmeane yn dy sleatskant. Dan...
nl.verhalenbank.24514
Piter Poes kaem út 'e kusten fan Liphuzen. Dêr wie er wol hwat bikind. Op in kear wie er dêr hinne. Doe't er wer nei Sumarreheide ta soe trof er twa advokaten. Dy soenen út to riden nei Garyp ta. It wienen Lubbert en Olfert. Piter Poes koe se wol. It wienen greate stjonkerts. Se rûpelen it gewoane folk út. It wienen hiele minnen. Piter frege of er mei...
nl.verhalenbank.32069
De Abbekaten 'It Abbekatelân leit by de Spoeketsiene. Wy koenen it lân oars net as De Abbekaten. Yndertiid binne der twa abbekaten fan Olterterp, Beetstersweach helle. Lubbert hiet de iene, dat sei ús mem altyd. Lubbert en Olfert hjitten se. Dy twa abbekaten spoeken nci har dea dêr by Olterterp om en de minsken hienen der tige lêst fan, foaral yn 'e...
nl.verhalenbank.13716
27