Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
54 results
Dutch Keywords: spokerij Place of Narration: Sumar
Age Bergsma (wennet nou op 'e Sweach) seach ris op in nacht trije dames, alhiel yn 't wyt, hjir deun by. Hja gongen oerdwars. "Doe't ik der oan ta wie," sei er, "wie der neat mear."
nl.verhalenbank.20395
By de Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in wite juffer.
nl.verhalenbank.20270
Op 'e Sumarreheide roun in fôle mei in brijpot om 'e nekke en ek op 't Lútsensloantsje ûnder Garyp.
nl.verhalenbank.31640
By de Simmerdyk oan 'e Klaes Piersreed (Burgumerheide) roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der siet gjin sleef yn 'e brijpot.
nl.verhalenbank.20333
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Yn Garyp, tusken de Sumarrehoeke en it eigenlike doarp spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20278
As der op 'e Tike ien forsûpte, dan spoeke it letter op dat plak.
nl.verhalenbank.21196
Myn bruorren Tamme en Wytse hienen elk in faem yn Drylst to wenjen. Dêr hienen se ris togearre op 'e fyts hinne west. Doe't se weromkamen yn 'e neinacht, doe wienen se sahwat oan 'e Wergeaster mar ta, by Idaerd, doe hie Wytse ynienen sein: "Sjoch, dêr is in fanke, dy rint dêr by 't foarste tsjil fan myn fyts lâns." Fuort dêrnei hie Tamme itselde fanke...
nl.verhalenbank.31902
Op 'e Iestpleats to Sumar spûke it altyd. Dêr hie in boerefaem wenne, dy hie dêr in pear kear in bern op 'e wrâld brocht - dy wienen fan 'e boer - en dy bern wienen dêr formoarde en sûnder klean oan bigroeven. Nei dy tiid, as it tsjuster waerd bigoun it dêr yn 'e skuorre to spûkjen. Dan dânsen der trije neakene berntsjes om 'e stile hinne. Dy koenen dêr...
nl.verhalenbank.32065
Yn Earnewâld wie op in moarn bitiid in man bûtendoar, 't wie noch skymrich. Doe seach er in fanke foar him op rinnen. Hy seach dat se yn 't wetter, flak foar him, weiwaerd. Doe't hy der by kaem, wie se der net. Hwer't se bleau wie him in riedsel.
nl.verhalenbank.31790
De Susterwei rint fan Garyp nei Sigerswâld ta. Dêr binne yndertiid trije susters formoarde. Age Bergsma wie sa'n 20 jier âld, doe roun er op in joun let fan Sigerswâld nei de heide ta. Hy seach in kear om en doe kamen der 3 neakene froulju fan achteren op him yn. Doe bigoun Age to rinnen sa hurd er koe. Hwant hy waerd deabinaud. Mar dy froulju koenen noch...
nl.verhalenbank.32066
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot. Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen. Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
Anne Bult, dy't letter forsûpt is, fortelde, hja wienen us as jongfolk op in joun by elkoar bûtendoar. Der woarde op 'e harmoanika spile en hja hienen alle wille. Doe sweefde dêr in wyt ding om. Dat sweefde hinne en wer. Anne sei: "As 't wer lâns komt, dan sil ik sjen dat ik it krij." Dêr kom it wer oan. Ik raemde him, mar ik hie neat. Der siet gjin...
nl.verhalenbank.32483
Op it Pasterije-lân spûke it dat it hwat die. Sa roun dêr ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr makken se hjir op 'e heide de bern faek bang mei.
nl.verhalenbank.31490
By 't Godloas Tolhûs tusken Beetstersweach en Lippenhuzen spûke it ek. Ek op 'e Mûzegroppewei by Rottefalle spûke it. Op 'e Kleasterloane to Burgum spûke it ek. Dêr kreunde nou en dan hwat.
nl.verhalenbank.36261
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.25631
Yn 'e bocht fan 'e Pasterijelannen, op 'e hoeke, yn Sumarreheide spoeken altyd trije hearen om. Dy sieten dêr mei papieren yn 'e hannen.
nl.verhalenbank.24515
By dokter Bontekoe to Hurdegaryp stie in hekke, dy't altyd fansels iepengong. Dat gebeurde krekt om tolve ûre yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.36264
Greate Evert wie in spoek fan 'e Sumarreheide. Hy kaem jouns let achter de minsken oanslûpen en dan bûgde er fan achteren syn holle oer 't skouder fan 'e minske hinne. Hy wie ôfgryslike lang.
nl.verhalenbank.31631
Op 'e Lútsensloane dy't op 'e Easterein yn Garyp útkomt, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang foar makke.
nl.verhalenbank.32067
54