Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: sloot Place of Narration: Sumar
Fan 'e hoeke fan 'e Brandsma-loane to Garyp (dêr't de buorkerij fan Sjoerd Brandsma stiet) nei de Inia-loane rint in houtsjepaed. Dat houtsje is in heale wylgenemûs mei de bolle kant nei boppe. Dêrfandinne de namme Bucheltsje-hout. De oare helte fan dy wylgenemûs stiet noch oan 'e kant. Op in kear, doe't dy beam noch geef wie, wie de duvel der mei oan 't...
nl.verhalenbank.32173
op 'e Hearrewei spoeke it. Dêr is ris in man lâns gong, dy hie gâns flokt en sweard. Hy woarde dêr samar beet krigen, sûnder dat er ien seach, en yn 'e sleat smiten. Sûnt doart er dêr net mear lâns.
nl.verhalenbank.25632
Alde Branders Durkje yn 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Us mem hie 't net op har bigrepen. Mar hja gong hinne en lei duveldrek njonken 't hûs del oer 't hiele hiem hinne oan 'e sleat ta. "Nou kin se der net wer lâns komme", sei mem. En 't wie ek sa. Durkje bleau wei.
nl.verhalenbank.20215
De Man en syn basis Dêr dangelt oan 'e lange sleatten In spoeksel om, dêr elts fan grout. Eeltsje Halbertsma 'De basis, seinen se, hie er altyd op 'e Saiter, of foar de Saiter oer. Dat wie op 'e helte fan 'e Langesleatten. Dêr troffen se him altyd. Dêr leit in stik lân, dat haw ik withoefaken meand, earst mei de seine, letter mei de hynders wol en noch...
nl.verhalenbank.13040
De minsken seinen froeger wol us: "Dêr is wer in wylde lantearne. Der sil wer hwat gebeure." Dan woarde der in nije sleat groeven of der kom in nij hûs of sahwathinne.
nl.verhalenbank.20260
Us oerpake hat alris in bijeflecht foun. Doe't er yn Napoleonstiid in namme opjaen moest sei er: van der Flecht. Fanwege dy bijeflecht. Mar dat mocht net omt 'Flecht' in Frysk wurd wie. Doe is 't 'Vlugt' woarn. Hy hiet sûnt Wibe Popkes van der Vlugt. It gebeurde yn 1856 of '57. Itske wie myn omke, in broer fan heit. Sy wennen yn in greate plaets oan 'e...
nl.verhalenbank.32912
't Lange Sleatter-mantsje hie in koarte broek oan en in hege hoed op. Hy hie yn froeger tiden in frou formoarde. By de krúswetters spoeke er altyd om. De mieren pasten wol op, hwer't se har tinten delsetten. Altyd op in ôfstan fan it paed, dêr't er lâns gong. Der wie us in skipper, dy gong dêr op in joun mei syn skip lizzen, krekt op it plak, dêr't it...
nl.verhalenbank.12231
Us heit hie in neef, dat wie in sekere Ruerd. Dy wie ek tige sterk. Op in kear wied er mei de keppel yn Grinslân oan 't wjudden. Doe wie dêr in wide sleat, dêr moesten se oerhinne. De manlju sprongen der samar oer, mar de froulju doarsten hast net. Ruerd sei: "Doarre jimme dêr net oer?" Doe naem er ûnder elke earm ien fan 'e froulju en sa sprong er rejael...
nl.verhalenbank.36243
35