Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: praten Place of Narration: Sumar
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer." Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei." Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
nl.verhalenbank.25624
Yn 'e Rottefalle hat in hiel sterk frommes wenne. Dat wie Jantsje Boom. It wie in skippersdochter. Dy wie sa sterk, dat hja droech samar twa sekfollen ierappels - dat wie 140 poun -, ûnder elke earm ien, fan 'e Rotfalle nei de Folgeren. Dat wie mear as in healûre gean. Dan bleau se ûnderweis ek noch stean to praten sûnder dat se de sekken delsette.
nl.verhalenbank.32921
Froeger gong ús famylje faek to meanen nei de Earnewarren. Op in simmer wie pake Tamme mei twa fan syn jonges Binne en Jelle dêr yn 'e blaugerzen by de Krúswetters. Jelle hie even nei hûs west om hwat op to heljen en kaem de oare moarns bitiid werom. "Hoe is 't hjir?" frege Jelle-om. "Wol goed, jonge," sei Binne-om, "mar 't wurdt mei de âld man minder....
nl.verhalenbank.31896
Alde Gerben Visser wenne op 'e Tike. Hy wie mei de helm geboaren. Op in joun hied er mei 't wiif to praten west. It gong froeger faek op in jounpraten. Se wienen ûnderweis nei hûs ta. Mast even achter my gean, sei Gerben tsjin har. Is der hwat, Gerben? Ja, sei er. Doe gong er in eintsje sydlings op in sânpaed. Even letter sei er: Kinst wol wer njonken my...
nl.verhalenbank.12252
By Tsjitse Boonstra op Burgumerheide stienen de kij moarns omkeard op 'e stâl, de achterein nei foaren ta en de koppen nei achteren. En as Tsjitse moarns yn 't bûthús kom, seinen alle kij: "Morgen, baes." En de hinnen dy seinen tsjin him: "Wij kakelen wel, maar wij leggen niet." Dy dieren sieten ûnder 'e kweaminsken. Alde Sjouke Kloetstra krige dêr de...
nl.verhalenbank.20340
35