Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: ouders Place of Narration: Sumar
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide. As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
nl.verhalenbank.31485
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot. Der siet...
nl.verhalenbank.25637
As wy jouns let noch bûten wienen as bern, dan seinen se: "Pas op, de berndieven pakke dy." Kamen wy by 't wetter, dan wie 't: "Dêr sit in hiele greate frosk yn, dy is altyd lulk op bern."
nl.verhalenbank.32059
Sels haw ik it ek. Doe't ús heit stoar wie ik slim swiersettich. Der drukte hwat op my. Ik wist dat der hwat slims gebeurde, mar fan heit syn stjerrren wist ik neat ôf. Doe't mem forstoar wie 't èk sa mei my. It lei my by dat der hwat hiel slims gebeurde.
nl.verhalenbank.36239
Hindrikje de tsjoenster wenne op 'e Tike ûnder Nyegea. It forhael gong dat se wol us bern bitsjoende. Wy gongen as bern yn in bôge om har hinne, as se foar 't ljocht kom. Der wie ús goed yndruid dat wy net in apel of sa fan har oannimme mochten.
nl.verhalenbank.21181
"Yn 'e reinwettersbak sit in rare keardel", sizze se yn 'e Sumarreheide tsjin 'e bern. As jy der yn roppe, dan ropt er jin nei.
nl.verhalenbank.24519
35