Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: ophangen Place of Narration: Sumar
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464
Piter Poes, de bikinde duvelbander fan Sumarreheide hat himsels ophong oan in bjirkebeam.
nl.verhalenbank.32276
Piter Poes wie in echte duvelbanner, dat wie syn birop. Hy hie macht oer de minsken. Hy wie oarspronkelik net fan Sumarreheide, hy kaem de Liphústerkant út wei. Hy hat wenne oan 'e âlde tramwei yn it hûs dêr't nou Piter Mudstra wennet en, efkes neijer yn 't hûs dêr't Geart de Haan yn wenne hat. Hy hat him yn 'e Bosk ophong oan in bjirkebeam.
nl.verhalenbank.32057
Myn muoike hat faem west yn 'e Pein by Sjoerd Bosma. Sjoerd Bosma wie foar de twadde kear troud. Hy hie syn earste frou biloofd, dat er net wer trouwe soe. Mar hy die 't al. Doe makke syn earste frou him nei har dea it libben sûr. Se liet har algeduerich sjen. Hy koe 't net langer foar elkoar hâlde. Op in moarntyd lei der in stikje wyt papier op 'e tafel....
nl.verhalenbank.12255
Piter Poeske Ik ha wol ris heard, hoe't er oan syn bynamme kommen is. Dat kaam, seinen ús heit-en-dy, trochdat er altyd by de boeren helle waard, as it net tsjernje woe. Dan liet er him nei de molkenkelder bringe en rûn er om 'e aden hinne. Iderkear stiek er de finger yn 'e rjemme en dan slikke er mar, krekt as in kat. Hoe't er him skreau, wit ik net...
nl.verhalenbank.13014
Hynders hienen faek lêst fan nachtmerjes. Yn guon hynstestâllen hienen se in sabel boven it hynder hingjen, men miende dat dat holp tsjin 'e nachtmerje.
nl.verhalenbank.31489
35