Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Biesterveld
Heit en dy ha wol ferteld oer Biesterveld. Dat moat in troch ende wer troch grutte boef west hawwe. It wie oars mar in plat keardeltsje, mar hy stie foar ien moard net. Hy kaam út 'e bûtenlannen; se seinen wol fan út Hongarije. Hy wie hjir hingjen bleaun en moat yn Drachten en op 'e Gerdyk wenne ha. Op 'e Sweach hat er skearbaas west.
Se ha...
nl.verhalenbank.13037
Om nachtmerjes to kearen moest men de iene klomp in hiel ein fan de oare ôf ha of de klompen efterstefoar foar de drompel sette.
nl.verhalenbank.12221
Beint Dekker (= Boonstra) kom us in kear út 'e kroech wei fan 'e Harste. Doe't er de Hearrewei in eintsje delroan wie, seach er in wyt ding op 'e wei.
Beint sei: "Ast hwat wolste, mast hjir komme, dan sil 'k dy krije." En hy skopte tsjin dat wite ding oan. Doe kom dat op him ta en gong him op 'e klompen sitten. En doe hat it Beint yn 'e berm smiten.
nl.verhalenbank.20282
Ek in kear doe wie Ruerd yn Grinslân. Doe wienen se dêr oan 't útstekken mei in bats. Hwa't it measte útstekke koe op 'e bats. De earm woarde dêrby rjocht foarút hâlden. Dy't it measte op 'e bats hâlde koe hie 't woun. Ruerd die net mei.
Mar doe seinen se tsjin him: "Nou dû."
"Ik wol net," sei Ruerd, "ik bin net sa sterk."
Mar hja hâldden oan. Doe sette...
nl.verhalenbank.36245