Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: jongen Place of Narration: Sumar
Op 'e Tike wie in jonge bitsjoend. Se hellen Piter Poes der by. Dy makke mei de lodde in goatsje om it strjitsje hinne by de foardoar. Doe die er dêr hwat yn 'e groun, dat er mei modder bistoppe.
nl.verhalenbank.12249
Ek op in plak dêr wienen se oan 't keatsen. Ien jonge hiet Mets. Doe't dy de bal fuortkeatste rôp der ien: "Mets, slacht fier! Mets slacht fier!" Dat hearden oare minsken en doe krige dat plak de namme fan Metslawier.
nl.verhalenbank.31899
Atse Spoor fan Burgum kom mei de hounekarre mei stienguod nei de Tike ta. Twa hounen roannen foar de karre en syn jonge loek oan it tou. Se kommen by âlde Reinders Wytske op 'e Deltike. Dat wie in tsjoenster. Sy sei tsjin 'e jonge: "Hy mat in pear woarteltsjes ha, leave." De jonge woe se graech ha en soe der yn bite, mar Atse die se gau yn 'e pot en die...
nl.verhalenbank.12259
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
nl.verhalenbank.32176
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde." Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt." It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea. De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
Op in kear - 't wie de jouns let - kom ik thús fan 'e sjongforiening. Ik moest earst even nei de W.C., dy wie by de skuorre. Doe seach ik Nero dêr ús houn. Nero wie myn greatste freon altyd, mar doe't ik him op dat stuit seach, woarde ik deabinaud. Hy kom by my mei de sturt tusken de poaten. Ik doarst net nei him to sjen, sa bang wie 'k. Ik smiet de doar...
nl.verhalenbank.32915
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner. Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
nl.verhalenbank.31488
35