Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
33 datasets found
Dutch Keywords: horen Place of Narration: Sumar
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
nl.verhalenbank.24512
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
nl.verhalenbank.25630
Op it plak dêr't nou Koos Landheer syn hûs stiet, hearden se fantofoaren hyltyd timmerjen. Koarte tiid dêrnei waerd it hûs dêr delset.
nl.verhalenbank.20401
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. De dûmny fan Warten woe 't net leauwe. Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
nl.verhalenbank.20398
Hjir wenje noch wol lju, dy't de lûden fan 'e tram heard ha foardat dy der noch wie.
nl.verhalenbank.32438
Op 'e Sumarreheide hearden se, foar dat de tram dêr kaem, de lûden al dy't er makke. En sy seagen jouns hwat foarbytuffen dat der útseach as in bargehok, fjouwerkant mei twa gleone ljochten der foar. Dat wie de lettere tram.
nl.verhalenbank.31641
Guon ha op 'e Wide Pet ûnder Surhústerfean in stem heard. 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Der waerd roppen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Letter is der yn 'e Bouke-wyk oer iis in faem fordronken.
nl.verhalenbank.20214
Us mem en heit wienen ris op in nacht togearre to murdejeijen. Doe kamen se op in plak - it wie yn Wergea - dêr waerden bussen delsmiten en se hearden amers ratteljen en al sa mear. Binnen it jier waerd dêr in nije pleats boud. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.31800
Soms heart men yn 't Wartenster Wiid de klokken noch lieden fan it stedtsje Warten, dat dêryn forsonken is. Itselde wurdt forteld fan Eson-stêd, dêr't men de klokken soms ek noch fan hearre kin yn it wetter. Eson-stêd is ek in forsonken stêd.
nl.verhalenbank.31625
In soad minsken fan 'e heide ha fan tofoaren de ljochten fan 'e tram sjoen en ek de lûden heard, doe't hy der noch net wie.
nl.verhalenbank.31802
Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem dúdlik it gliden fan 'e tram oer de rails hinne. Ek guon seagen de ljochten fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24638
De fersonken stêd Warten 'Us heit hat yn syn jonge jierren in jier of tsien yn Warten en Wergea by de boer wenne. Dan prate er gauris mei skippers; se brochten by 't hjerst fan alles by de boeren, en dan kamen sokke ferhalen ek wol op 'e bûthúsbank. Se seinen altyd, it Krúswetter dêr by Warten dêr leit in stiennen flier ûnder. Se sizze, dêr hat dy âlde...
nl.verhalenbank.13719
Myn omke wie boer op 'e Tike. Faker as ien kear is 't gebeurd, dat it dêr yn 'e nacht op in terskjen gong yn 'e skuorre. Dat wie foartsjirmerije, hwant de oare deis tursken se echt.
nl.verhalenbank.21184
In âlde reiddekker fan Moune-ein fortelde my, op it Bûtefjild tusken Feanwâlden en Readtsjerk hie hy us in mountsje dutsen. Dêr net sa fier ôf hie froeger in plaets stien. Wylst hy dêr oan 't dekken wie, hearde er klear de tsjerne gean yn 'e plaets, hoewol dy der al sûnt jierren net mear stie.
nl.verhalenbank.20271
Ik wie in fanke fan in jier of 14, 't wie yn 'e nacht, ik lei op bêd. Ik wie wol klear wekker, hwant ik siet op 't lêst yn bêd, sa bang waerd ik. Ik tocht: se binne hjir yn 'e skuorre oan 't terskjen, ik hearde it hiel dúdlik. Mar 't wie net sa fansels, hwant dat koe net. De oare moarns ha se dêr terske. Ik hie 't dus de nacht tofoaren al heard.
nl.verhalenbank.31797
Der wie in frou forstoarn en dy woarde op it tsjerkhôf bigroeven. De widner bleau mei twa bern sitten. Dy bern gongen elke dei nei skoalle ta. Dan moesten se it tsjerkhôf foarby. As se middeis thúskommen seinen se tsjin har heit: "Heit, mem sjongt yn 't graef." De widner woe dêr yn 't earst net oan, mar op 't lêst gong hy der doch us hinne. En doe hearde...
nl.verhalenbank.20329
Oan 'e oare kant Zoutkamp, yn 'e Vierhuisterpolder stie in âld plaets. Dêr gong ik as jonge hinne to wjudden. Dêr yn dy plaets spoeke it ek. Dêr siet allegearre jild yn 'e holle balken. As de ratten dêr troch roannen, dan rattele it jild dat it hwat die. Doe't se de plaets letter ôfbrutsen ha, ha se dat jild allegeare foun.
nl.verhalenbank.20262
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
Op in joun kaem der ien fan Sumarreheide de pasterijelânnen del. Doe hearde hy ynienen dat it hiel bot op in timmerjen gong. Der waerd mei planken en balken smiten en op 'e nael omkloppe en timmere. Dat wie oan 'e heidewei. De pleats fan Jehannes Romkes de Vries stie der doe noch net, mar hy sei: "Dêr komt skielk in hûs. Ik ha 't sa dúdlik heard." It hûs...
nl.verhalenbank.32060
Myn pake wenne oan 'e Ielke Boonstrawei, yn in spitkeet. Op in kear sei er: "Hjir gebeurt hwat." Hy hearde hwat hiel fluch foarby ratteljen. "'t Giet hurd," sei er, "en 't hie twa gleone egen." 15 à 16 jier letter is de tram dêr kaem. Krekt yn 'e bocht hie pake 't sjoen. "'k Seach him dúdlik oankommen", sei er.
nl.verhalenbank.32061
35