Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: helderziende Place of Narration: Sumar
Ik en myn kameraed sieten op in nacht by in âld minske ta de krúslanders. It âld minske lei op bêd. Mar hja wist de oare deis wol to sizzen hwa't har krúslanders stellen hie. Hja hie 't sjoen sûnder dat se út it bêd wei west hie.
nl.verhalenbank.31484
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
Tjille Kaert wenne op 'e Gerdyk yn in lyts skipke. Sy koe kaertlizze. Wibe hat der ris hinne west. Syn nicht Pytsje wie by him. Wibe wie hwat oansketten en sei: Dit is myn faem. In kreas frommes, net? (Mar dêr wie neat fan oan) Tjille sei: Dat is jou faem net en likemin jou frou. Ik wol jo de kaert net lizze, jo meitsje my hwat wiis. Sy hie it dus wol...
nl.verhalenbank.12248
Hjir op 'e heide wennen wol minsken dy't fan tofoaren al wisten dat der gau ien nei 't hôf ta brocht wurde soe. Se seagen dan fan tofoaren de lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.31482
Piter Poes wie ek in krûdesiker. Minsken kamen by him om rie as hja sels of it fé mei sykte to kampen hienen. Piter joech dan rie en se namen krûden fan him mei. Op in kear kaem Klaes Heddema fan 'e Tike by him. Klaes hat it my sels forteld. Doe't Klaes dêr yn 'e hûs kaem siet Piter to lêzen yn in boek. Wylst kamen der allegear roeken om 'e doar. Se...
nl.verhalenbank.32313
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde." Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt." It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea. De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
Greate Sjoerd wie ek sa'n man dy't der soms yn 'e nacht út moest om nei bigraffenisstoeten to sjen. Jurjen van der Leest hat in kear mei him west. Dat hie er Jurjen biloofd, as der wer sa'n gefal wie soe Jurjen der by wêze. Jurjen woe dat graech ris bilibje. Doe naem er Jurjen mei oan 'e Sânwei-bosk ta, krekt by de âld tramwei. Dêr hat doe in lykstaesje...
nl.verhalenbank.31793
Op 'e Tike wenne Anne Tiekstra, dy wie mei de helm geboaren. Hy moest bigraffenissen fan tofoaren sjen. Tichteby wie in dobbe. "Hjir sil nochris in bern yn dizze dobbe fordrinke", sei er. Dat hie er sjoen.
nl.verhalenbank.31635
Jurjen en Melle har heit wie overleden. De widdou bleau mei de beide jonges sitten, dat wienen doe noch mar fan dy baeskes. Doe sei greate Sjoerd op in kear tsjin har: "De earste man dystû hjoed tomjitte komste, dat wurdt dyn twade man." En dat kaem ek sa. Har twade man dat wie Abraham van der Leest, in broer fan har earste man.
nl.verhalenbank.31810
Deselde dy't yn 't bisit is fan sa'n helm, is kûgelfrij. Dêrom hienen de hege militairen yn 't leger froeger sa'n helm dy't se kocht hienen en by har droegen.
nl.verhalenbank.31636
Wytse (van der Meer) en Rinskje wennen yn Burgumerheide. Wytse wie in plezierich man dy't altyd wille hie. Mar dat hâldde samar ynienen op mei Wytse. Hy woarde stil en hy seach altyd mar earnstich. Syn wyfke Rinskje frege him: "Is der hwat?" "Né," sei Wytse, "hwat soe der wêze?" Mar hy bleau altyd mar stil en earnstich. Rinskje frege al us wer en us wer,...
nl.verhalenbank.20330
Dy't mei de helm geboaren is, mat alles sjen. Dy mat der nachts faek ôf.
nl.verhalenbank.32444
Alde Japik Douwe wie timmerman yn Burgumerheide. Hy wie mei de helm geboaren. Syn âld wyfke plichte wol faek by ús mem to kommen. Hja gong dan oan 'e ein fan 'e tafel op knibbels lizzen en dan fortelde se hwat Japik wer sjoen hie. Ik hearde as jonkje dy forhalen.
nl.verhalenbank.20256
Bearn Dekker wie mei de helm geboaren. Sy hienen dy helm wol forneatige, mar likegoed seach er alles. Hy moest der nachts faek út, dan waerd er dreaun. Dan seach er in bigraffenis. 't Kom altyd krekt sa nei lyk as hy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.20392
Alde Antsje fan Sumarreheide, widdou fan Folkert Hountsje (= van der Wal) hie sjoen dat Paulus, in broer fan Folkert, fordrinke soe. Doe't it dan echt gebeurde en hja hearde dat der ien forsûpt wie, sei se: "Dan sil dat ús Paulus wol wêze."
nl.verhalenbank.31895
Froeger gong ús famylje faek to meanen nei de Earnewarren. Op in simmer wie pake Tamme mei twa fan syn jonges Binne en Jelle dêr yn 'e blaugerzen by de Krúswetters. Jelle hie even nei hûs west om hwat op to heljen en kaem de oare moarns bitiid werom. "Hoe is 't hjir?" frege Jelle-om. "Wol goed, jonge," sei Binne-om, "mar 't wurdt mei de âld man minder....
nl.verhalenbank.31896
Sjoerd Dykstra wie koedriuwer. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf. Dan seach er lykstaesjes. De gewoane minsken koenen dat net sjen. As sa'n helm net forbrând wurdt by de geboarte, dan matte se 't altyd sjen. Forbrânne se de helm, dan net.
nl.verhalenbank.24642
35