Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: dochter Place of Narration: Sumar
Biesterveld Heit en dy ha wol ferteld oer Biesterveld. Dat moat in troch ende wer troch grutte boef west hawwe. It wie oars mar in plat keardeltsje, mar hy stie foar ien moard net. Hy kaam út 'e bûtenlannen; se seinen wol fan út Hongarije. Hy wie hjir hingjen bleaun en moat yn Drachten en op 'e Gerdyk wenne ha. Op 'e Sweach hat er skearbaas west. Se ha...
nl.verhalenbank.13037
Fan sawn famkes is de middelste in nachtmerje, fan sawn jonges is de middelste in wjerwolf.
nl.verhalenbank.32919
Yn 'e Rottefalle hat in hiel sterk frommes wenne. Dat wie Jantsje Boom. It wie in skippersdochter. Dy wie sa sterk, dat hja droech samar twa sekfollen ierappels - dat wie 140 poun -, ûnder elke earm ien, fan 'e Rotfalle nei de Folgeren. Dat wie mear as in healûre gean. Dan bleau se ûnderweis ek noch stean to praten sûnder dat se de sekken delsette.
nl.verhalenbank.32921
Janke fan Romke-om (Romke Skyt) en Trynmoai tsjinne yn Drachten. Hja rekke dêr yn forwachting. Hja moest in bern ha fan in joad Van Leer út 'e Hounestege. Op in middei wienen Mart en hja op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe sei se: "Hark, dêr liede de klokken al." "De klokken?" sei Mart, "ik hear neat." "Ja," sei se, "de klokken. Dy liede al dat se my strak...
nl.verhalenbank.21360
Nachtmerjes kinne moai sjonge, fral as se oer 't wetter farre. Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Binne der sawn opelkoarfolgjende jonges, dan is der in wjerwolf by.
nl.verhalenbank.20337
Martsje Witteveen wie in dochter fan Sterke Hearke. Hja wie myn beppe. Sy wenne by de Skieppedrifte ûnder Droegeham. Hja ringe de bargen en skieppeknippe die se ek. Se wie sterker as in keardel.
nl.verhalenbank.24640
35