Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: veulen Place of Narration: Rottevalle
't Folk wie hjir froeger bang foar de kweamendeis. De beesten woarden op mendei noait útlitten. As Petrus Benedictus op mendei sichtsje soe, dan sichte er earst op saterdei in lyts hoekje. Dan wie 't oan 'e gong. De ham fan 't hynder hongen de boeren hjir altyd heech yn 'e beam, dan soe de fôlle de kop heech hâlde, mienden se.
nl.verhalenbank.20978
In fôlle mei in pot om 'e hals spûke op twa plakken yn 'e Rottefalle: Op it eintsje fan 'e grifformearde tsjerke of oan 'e Lange Wyk ta en by 't bigjin fan 'e Rydloane. Op beide plakken wie in boskje. Dy fôlle die neat, mar dochs wienen guon der binaud foar.
nl.verhalenbank.33732
By ús yn Aldegea roan froeger nachts op 'e Heawei in fôlle mei in brijpot om.
nl.verhalenbank.27744
Hie in hynder in fôlle smiten, dan woarde it ûngâns fan it hynder yn in hege beam ophong. Hwat heger hwat better. De fôlle woarde dan in best tuechhynder.
nl.verhalenbank.27748
Op 'e hoeke fan 'e Mûzegroppewei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29599
Yn it Spûkeloantsje op it Wytfean spûke froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals. 't Is in sydloantsje fan 'e Mûzegroppewei. Wigers Jits (widd. Benediktus) hat dy fôlle dêr in pear kear sjoen by nacht.
nl.verhalenbank.29570
Sweitse de Wit seach oan 'e Terpstra-wei - sydpaed fan 'e Spekloane - by tsjuster altyd in fôlle rinnen, dy't dêr omspoeke.
nl.verhalenbank.20975
Alde Sweitse de Wit, dy't arbeider wie by Sytse Rinsma fortelde dat er in fôlle sjoen hie mei in brijkrûk om 'e hals tichte by de tsjerke yn 'e Rottefalle.
nl.verhalenbank.34447
35