Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: markt Place of Narration: Rottevalle
Heit hat sjoen dat Ymke de Jong mei boarden op 'e noas fuortroan. Hy droech ek twa, trije stuollen op 'e noas. Dan hied er mar ien stoelpoat op 'e noas. Sa reizge er de merken ôf.
nl.verhalenbank.27754
Der wie ien op 'e merk, dy krûpte troch in houten peal. Ymke wie der ek by. Der stienen in protte minsken om hinne. Doe sei Ymke tsjin dy man: "Dû krupst der ommers òm hinne." En doe joech er dy fint in skop. (Ymke wie ôfkomstich fan Knypster Kompenije)
nl.verhalenbank.27757
Swarte spegels hie men froeger op 'e merk. Dy't der yn seach krige it portret fan syn takomstige frou to sjen.
nl.verhalenbank.36114
In swarte spegel hienen se froeger op 'e merken. Dêr koenen se yn sjen mei hwa't se trouwe soenen. Seagen se in deakiste, dan trouden se net.
nl.verhalenbank.27730
Op Eastemarre hynstemerke hie Tseard van Dekken in greate bek tsjin Ymke de Jong. "Dû mast dy stil hâlde," sei Ymke tsjin Tseard, oars lit ik dy stean." Mar Tseard hâldde him net stil en doe hat er in hiel skoft stien.
nl.verhalenbank.27727
Thomas en Clare hienen ris mei de hounekarre fan Houtigehage nei Eastemarre merke ta west, dêr't se in diske hawn hienen. Underweis op 'e joun woarden se samar optild en mei hounekarre en al oer de beamkes hinne set.
nl.verhalenbank.33788
35