Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: sleutelgat Place of Narration: Opende
In nachtmerje wie in frommeske, dat troch 't slotsgat gong. 't Wie faek in âld-wyfke. Om gjin lêst fan in nachtmerje to hawwen die men duveldrek op 't boarst. Men sette ek de toffels achterstofoar foar 't bêd.
nl.verhalenbank.26989
Sy ha in nachtmerje wolris fangd mei moal. As se moal oan har hat, kin se net fuortkomme. Sy komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. Sy giet ek wol nei de hynders ta. Dan is 't hynder alhiel oerstjûr. Sy makket de hynders wol flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.24115
Fan sawn dochters is ien in nachtmerje. In nachtmerje giet troch 't slotsgat. Men die duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie ek om de tsjoensters to kearen. Se hienen ek altyd duveldrek ûnder 'e bargebakken. Skoanheit helle de duveldrek fan David Flud fan Drachten (= D. de Vrieze). Dan sei er: "Ik mat in duvelspoepke ha." "Even wachtsje," sei David Flud...
nl.verhalenbank.26908
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje. Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. De...
nl.verhalenbank.26021
Ien fan sawn susters wie in nachtmerje, seinen se altyd. Sy kaem troch 't kattegatsje yn 'e hûs. Dan rommele se earst yn 'e klompen om. As men fornaem dat se kom, en men koe jin forheffe, dan gong se wer fuort. Om har to wearen lei men in stikje brea of duveldrek ûnder 'e drompel of men sette in krús foar de strjitte. Ek die men wol in lyts pûdtsje mei...
nl.verhalenbank.19503
Een nachtmerje was een vrouw. Van zeven op elkoar volgende dochters was er één een nachtmerje. Ze kwamen deur 't slotsgat in huus. Mijn broer Piter had der wel us last van. Hy strooide wat rogge op 'e stoel foar bêdde. (It bennen ook wel eens kerels, dy bin nog slimmer)
nl.verhalenbank.23966
In nachtmerje wie meastal in frommeske, mar inkeld in man. Yn 'e Mieden achter de Pein, achter de Keale Wei, dêr hâldde in nachtmerje ta. Sy siet nou hjir yn en dan dêr yn, it meast siet se yn 'e stamme fan in holle wylgebeam. Sy kom by de minsken, dan gong se fan achteren troch 't bargedoarke. Dêr hie se mear rûmte as troch 't slotsgat, sei se. Hja sei...
nl.verhalenbank.27149
7