Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
656 datasets found
Place of Narration: Opende
Hier woonde een zekere Douwe Stavasius. Die zei op een keer tegen ons: "Ik heb hier vlakbij timmeren gehoord. Een eindje die kant út. Hier komt in nije boerderij, der werd timmerd." Na korte tijd kwam der in nije boerderij. Hier vlakbij.
nl.verhalenbank.23960
By nacht mat men noait midden op 'e wei rinne. Oars wurdt men gewoan oan side drukt.
Hoe't de namme Trimunt ûntstien is: Der hat op dat plak froeger in muntslaggerij west.
nl.verhalenbank.23140
Topwear is in gehucht ûnder Grinzer Pein. Froeger hat dêr in man wenne, dy hiet fan Top. Dy man hat in skoft fuort west. Doe kom er wer. Doe seinen de lju: "Top is der weer." Sa krige dat gehucht de namme Topweer.
Der wenne yn Hantumer Utbuorren in boer, dy hiet van der Heide. Dy hie in hiele grouwe stien op it hiem lizzen. Op in snein-to-middei ha in stik of hwat jonges mei alle macht dy stien omrolle. Doe kom de ûnderkant fan 'e stien boven. Dêr stie op to lêzen: Wat ben ik blij dat ik lig op de andere zij.
nl.verhalenbank.23131
Yn Hantumer Utbuorren wenne in skatrike boer. Dat wie Jan Douma. Op in moarntiid kom er fan 't bêd doe stienen de doarren allegear iepen en alle kij stiene achterstefoar op 'e stâl. De tsjernmoune hie de hiele nacht draeid. It hie de hiele nacht in stik lawaei west.
nl.verhalenbank.23130
Ek in kear, doe wienen alle hinnen bitsjoend, de swarte en de wite beide. De hinnen hienen de koppen op 'e rêch. Sy sieten der achterstofoar oan. Doe ha wy de koopman komme litten. Wy seinen: "Hwat gauwer fuort, hwat better." De koopman sei: "'t Sit ûnder 'e swarten." "Ja," sei 'k, "mar jo kinne se allegear wol krije, de witen ek. Hwant dy binne krekt sa...
nl.verhalenbank.21106
Ik hie sèls àl sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Doe sei myn man op in kear tsjin my: "Ast de nachtmerje nou wer fornimst, dan mast my warskôgje. Dan mast my in stomp yn 'e side jaen." Dêr kom de nachtmerje wer oan. Ik joech Sierd in stomp yn 'e side en doe is hy sa bot bigong to slaen, dat hy sloech de nachtmerje dwars troch de ûnderlegers hinne. De toffels...
nl.verhalenbank.21103
As minsken de koarts hienen gongen se wol hinne en nommen in hountsje mei op bêd. Dan krige dat hountsje de koarts. It bigoun to triljen en it woarde meger. De minsken wienen dan sels de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.19502
By Driemunt is us hwat út 'e loft delfallen. It wie krekt in bol. Se smieten dy bol omheech, doe woarde it sa ljocht, krekt as wienen alle lampen op.
(ek it forhael mei de ploege woarde forteld)
nl.verhalenbank.19499
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
Men mat net in pod deameitsje, oars komt der tonger.
nl.verhalenbank.16135
Yn Visvliet stie in âld pleats, dêr spoeke it. De tichte doarren fleagen dêr altyd fansels wer iepen. Der doarsten gjin minsken yn dy pleats wenje. Wy binne der ris lâns kom mei in kedde foar de karre. Dy hienen wy fan 'e bakker liend. De pleats stie leech. Hy wie hielendal grien en forfallen.
nl.verhalenbank.16127
Fan 'e sawn bruorren is ien in wjerwolf. " " " susters " " " nachtmerje. Hat men in hoefizer oan of boppe de doar hingjen, dan kin men de nachtmerje keare. Men kin ek de hoazzen of sokken krúslings foar 't bêd lizze.
nl.verhalenbank.16124
Oan 'e Folgerster loane wienen 't allegear spoeken, by de hiele loane del. It slimst wie dat it gefal op it Spoekeloantsje, in loantsje tusken de Folgerster loane en Drachtster Kompenije, flak by 't tsjerkje 'Jezus leeft', dat nou forhurde is. By Luchtenveld oan 'e Folgerster loane raesden altyd twa bern, dy spoeken dêr. Jan Binnema hat se faker as ien...
nl.verhalenbank.16123
0