Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
656 datasets found
Place of Narration: Opende
Der waerd ús froeger altyd foarhâlden noait by nacht midden op 'e wei to rinnen, hwant dan koe 't gebeure dat men tsjin in lykstaesje oproun.
Myn mem hie in suster, dy is jong stoarn. Dêr hie mem tige mei to krijen. Mem wie doe al troud. Heit en mem leinen op in joune op bêd, doe sei mem tsjin heit: "Ik woe wol, dat ik myn suster nochris seach." Heit sei: "Dat soe ik net graech wolle." Even letter kaem mem har suster by 't bêd. Doe hat se tsjin mem praet. Mem hoefde net oer har yn to sitten,...
nl.verhalenbank.37574
Us pake en beppe wennen hjir yn dit hûs. Op in joune let leinen se op bêd, doe kaem myn omke thús. Hy gong nei 't bêd fan pake en beppe ta en sei: "Der is brân, hjir tichteby. It hûs fan Wiggele van der Veen stiet yn 'e brân." Pake en beppe kamen gau fan bêd ôf, om to sjen. Mar de beide âlde minsken seagen neat. "Sjogge jimme it dan net?" sei omke, "it is...
Holwert wie in reade gemeente. Der wenne ien dat wie in greate spotter. Der waerd ris in man nei it tsjerkhôf ta brocht. Doe sei dy spotter gnyskjend: "Hwa soe nou de earste ramplesant wêze?" Dat wie er sèls.
Achter Dokkum wennen lju dy hienen in foargefoel fan 'e trein dy't der letter kaem is. De trein ried fan Dokkum nei Anjum. Dy minsken seagen dan wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.37446
Tryn Snipel wenne yn Houtigehage. It wie in kaertlizter. Wy wienen der ris mei ús fjouweren hinne, wy woenen de kaert útlein ha. Hja wenne tichte by de Blaudobbe. Tsjerk wie ek by ús, dy lake hiel bot. Doe sei Tryn: "Ja leave, sa't de duvel der yn komt giet hy der ek wer út." Doe wie 't laitsjen fan Tsjerk oer. Earst krigen wy alle fjouwer in buorrel fan...
In broer fan heit wie mei de helm geboaren. Hy seach de lykstaesjes al fan tofoaren en wist altyd as der in bigraffenis op til wie. Hy wie frijgesel en wenne yn Hantum. 't Kaem altyd nei hwat er seach.
De jouns fan tofoaren foardat de fjouwer plysjes troch IJe Wykstra fan Greategast deasketten waerden wie de loft alhiel read. Dit hat in foarboade west fan it bloedbad.
Oan in dik ketting boun Rudolf de Mepsche de minsken op 'e stâl fêst. Der kaem ris in skuonmakker by him om wurk. Dy naem er mei nei de stâl ta dêr't dy minsken allegear fêstboun sieten. "Hoe liket jo dit ta?" sei er tsjin dy skuonmakker. Dy doarst neat to sizzen. Doe waerd dy skuonmakker ek op 'e stâl fêstboun.
Rudolf de Mepsche fan 't Faan hie in panne mei allerhande spikers der yn. Der rolle hy de minsken yn as se net om 't lyk woenen.
Dêr kaem ris in greatjonge fan sa'n 16 jier by Kijlstra, de betonman yn Drachten. 't Wie bikend dat dy jonge o sa sterk wie. Hja laedden safolle potlân op 'e kroade, dat doe't hy dêrmei fuort soe, hâldde er de beide hantfetten allinne beet.
As de houn spûkgûlt dan leit der ien op stjerren. Wy ha 't hjir hawn dat hjir njonken de dochter forkearing hie mei in feint. Mar doe rekke dy forkearing yn 'e hobbel. De feint wie fan plan har dea to sjitten. Hy rekke har, de kûgel gong troch de hals hinne, mar sy wie net dea. Fuort dêrnei skeat er himsels dea. It fanke is wer better woarn. De jouns fan...
Froeger seach men hjir op 'e Skieding hipljochtsjes. Dat wienen foarboaden fan 'e huzen dy't der letter kamen.
Wy mochten froeger as bern net by de Poel komme. Dat wie de Kaatspoel yn Grinzer Pein. Hwant dêr soe altyd nochris ien yn forsûpe, wie de hiting. Guon hienen dat fan tofoaren sjoen. Oant nou ta is dêr noait ien yn fordronken.
By âlde Wytske waerden krânsen foun yn 't kessen fan Foppe. Dy flechte de tsjoenster der nachts yn.
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme. Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert. Hja wie mei de helm geboaren. hja...
Dêr't nou de garages fan De Bruin binne, dêr wie froeger in spoekedaem. Dêr doochde it net. Guon ha dêr wolris hwat sjoen. (Nou komt dêr in fuotbalterrein.)
nl.verhalenbank.32013
Froeger waerden der jouns faek twa ljochtsjes sjoen oer de dyk. Dan seinen se: "Dêr komme mei de tiid huzen to stean." Mar dy huzen steane der noch net. Wol sil dêr in nije wei komme, tsjin 'e Skieding oer, dêr't wy wenne ha.
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat. Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe." Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok. "As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
0