Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
656 datasets found
Place of Narration: Opende
Trape men op in pod dan kaem der tonger.
Fan 'e frijmitselers moest der om 'e sawn jier ien dea. Hja hienen har forkocht oan 'e duvel. Hja koenen der noait wer by wei. Yn Snits stiet sa'n gebou.
nl.verhalenbank.38016
Tsjoensters foroaren as katten op in stik greid. Dêr woarde dan bisprutsen hwat se dwaen soenen.
Nei de bigraffenis dienen se de earste jouns de doar net op slot, hwant oars koe de geast der net wer yn komme.
nl.verhalenbank.38014
Us pake, âlde Jan Nijboer fortelde dat yn 'e Houtigehage, by de wyk wie ris in bern bitsjoend west. Doe hienen se wetter oerset en dêr nuddels yn dien. En dat wie bigoun to sieden. Doe wie der in frou by de doar kom en dy hie sein: "Och heden, set dy tsjettel der ôf, hwant ik ha sa'n pine!"
nl.verhalenbank.38013
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie de man dy't geregeld lykstaesjes seach. Mar hy seach ek allegearre oare dingen foarút. Sa sei er, dat hy hie sjoen dat de tsjerke yn in bioskoop foroarje soe. Dat wie de tsjerke fan Luchtenveld. Mar dat is noch net gebeurd.
Rixt, de dochter fan Sterke Hearke wie ek ôfgryslike sterk. Hja hie forkearing mei in feint, mar dat rekke út. Dy feint bidroech har. Letter trof se him ris wer yn in herberch, doe wie der dounsjen. Doe dounsen se togearre. Doe sei Rixt tsjin him: "'k Bin sa mâl mei dy." En doe knypte se him tagelyk de earm stikken.
nl.verhalenbank.38010
Op in kear wie Hearke nei de faem ta. Mar dy wist net hwa't er wie. Doe liet dy faem har ûntfalle: "Ik soe net graech mei Sterke Hearke wolle, hwant dy is sa ôfgryslike sterk, dy koe jin wol deaknipe. Ik bin bang foar him." Doe't Hearke dy nachts by har wei gong, sei er tsjin har: "Nou, nou kinst mar sizze dat Sterke Hearke fan 'e jouns by dy opsitten hat."
nl.verhalenbank.38009
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy koe him net. Mar tafallich moest er krekt nei Hearke ta. Hy frege: "Wite jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe sei er: "Dêr ginder wennet er." En doe hied er de ploech rjocht út stutsen. Mar hy sei der achteroan: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.38008
Alde Tryn Snipel, de kaertlizter, kaem faek by ús mem. Op in kear wie se by ús, doe kom ús buorman Brant Veenstra der èk yn. Tryn bigoun to sjongen, en doe sei se tsjin Brant: "Dû hoechst net ûnder tsjinst." En 't kaem ek út. Hy lotte frij. (sjoch ek: B65-578 11)
Om in tsjoenster to kearen leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol lei men in fleartûke oer de drompel. Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster. Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.38005
In muoikesizzer fan Ingbert wie net goed, dy sukkele altyd. Doe founen se by him in krânske yn 't kessen, hy wie bitsjoend.
De mem Janne learde op dat stuit har dochter Luts it fleanen. Janne koe har yn in kat foroarje. Se ha ris in kear op in fremde kat smiten en dy mei in klomp rekke. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (dat waerd fan Janne forteld.)
Froeger gebeurde 't noch wolris dat de minsken yn 'e nacht lykstaesjes seagen. Heit sei: "Altyd oan kant gean. Fral tusken 12 en 1 ûre yn 'e nacht is de gefaerlike tiid." Gong men net oan kant, dan koe 't gebeure dat men oan kant set woarde. Dat is in feint oerkaem. Dy kom fan Boelensloane en hy soe nei de faem dy't oan 'e Drachtster Dwarsfeart wenne. Hy...
Egbert Hoekstra hearde op 'e nacht by him yn 'e hûs getimmer. De oare wyks stoar syn frou. Mar de kiste koe net troch de doar en ek net ûnder it finster troch. Doe moest it hiele finster der út. Letter, nei de bigraffenis kom it der wer yn. Doe't se dêr mei oan 't timmerjen wienen, sei er: "Fleden wike ha 'k dat timmerjen ek heard, krekt deselde slaggen....
nl.verhalenbank.38000
In Lukaswolde, gemeente Grotegast, woonde een frou, die zei al een dag of wat van teforen: die en die wordt dan en dan begraven. 't Kwam altijd uit. Ze was mei de helm geboaren.
Jan Hepkes koe tige harje neffens syn sizzen. Op in kear hied er oan 't harjen west en doe hied er forgetten it harspit út 'e groun to heljen en doe meande er de hiele kop fan 't harspit ôf. Sa skerp hied er de seine harre.
Mem fortelde, hjir yn 'e Pein hat in huzinge stien mei in gracht der by. Dêr is alris in frommeske formoarde woarn. Sûnt seach men dêr nachts in frou yn 't wyt troch de gracht hinne rinnen. Dat wie dat formoarde frommeske.
Der wie in fint dy swearde en swetste altyd bot. Op in kear kaem er út 'e kroech. Doe hied er bot flokt en sein: "Ik bin foar de duvel net bang." Dy fint dat wie in koopman, hy handele yn gongelstokken. 't Wie de jouns let doe't er út 'e kroech kaem. 't Gebeurde hjir yn 'e Pein. Hy wie op wei nei hûs ta. Doe't er op 'e Skieding wie kaem der in swart beest...
nl.verhalenbank.37577
0