Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik haw in man kend, dy wie mei de helm geboaren. 't Wie in sekere de Wilde. Op in snein hearde hy ûnder Lippenhuzen dat dêr in bern raesde. "Der gebeurt hwat", tocht er. "Ik tink dat der ien forsûpt is." Hy der hinne to sjen, mar hy woarde neat gewaer. En doch hied er heard dat ien 'help!' rôp.
Letter wie dêr op dat plak ien fordronken.
nl.verhalenbank.25969
Dy't op snein geboaren is dy kin knoffelbannen lizze en dy kin ek warten ôfnimme. Doe't ik sa'n great fanke wie siet myn gesicht ûnder 'e warten. Doe kom der ris in man by ús, dy sei: "Dû mast de warten telle. Dan mast in tried krije en dêr likefolle knopen yn lizze ast warten hast. En dan mast dy tried ûnder 'e drompel lizze. Dan bist se binnen de seis...
nl.verhalenbank.25950