Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: zondag Place of Narration: Opende
Ien dy't op 't stjerbêd klean oan hat, dy't op snein makke binne, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.26302
Froeger stond hier op 'e heide een spittehutje. 't Minske had altyd foar mode sundags te naaien. In de week naaide se niet. 't Minske werd siek en moest stervn, moar sij kon niet stervn. "Het se ook wat oan," sei der een, "dat op sondag noaid is?" Dat was het geval. It hemd dat se dreog was op sundag naaid. Se hebben het hoar úttrokkn en toen ging se dood.
nl.verhalenbank.26880
Ien dy't hwat oan hat op it stjerbêd, dat op snein makke is, sa'n ien kin net op snein stjerre. Dy stjert op moandei.
nl.verhalenbank.23456
It gebeurde wol, dat minsken net stjerre koenen. Dan hie sa'n minske hwat oan, dat op snein naeid wie. Neils, dy't op snein knipt binne, mat men nei de dea wer opsykje.
nl.verhalenbank.27547
Der was hier een kind dat lag op stervn. Moar it kon niet doodgaan. Doe sei der één: "Trek dat kind it hemd uut, dat is op sondag moakt." Dat deden se en weg was 't kind.
nl.verhalenbank.27330
Greate Jasper Veenstra wie hwat in rûch man. Op in snein hied er to kaertspyljen west. Doe't er wer op hûs oan soe waerd er ûnderweis op 'e Bethlehemsreed (Boelensloane) samar in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.38019
Klaas Kooistra ging op een sondagmorgen it heideveld in om stenen te dollen. Dat deden de arme mensken hier froeger allemoal. Se moesten aan de kost komen. Die stenen werden fijngehouwen en ferkocht. Doar vindt Kloas in stien, die wil hy der uut dollen. Met de boar. Doe is er doar met oan de gang, doe siet er us wat in de ronde, en doe sicht er doar twee...
nl.verhalenbank.25856
Minsken dy't op stjerren lizze, mar net stjerre kinne, ha faek hwat oan dat op in snein naeid is. Men mat dat dan stikken knippe, dan is 't samar dien.
nl.verhalenbank.38020
Knippe jo sneins de neils ôf, dan matte jo dy stikjes neil yn 't hjirneimels allegear wer opsykje. Knippe jo de blommen foar de glêzen op snein ôf, dan bloeije se noait wer.
nl.verhalenbank.27883
Yn in dûbelde keamer hjir njonken wenne in âld minske, dat lei op stjerren. Mar hja kòe noait stjerre. Dat kom, hja hie hwat oan, dat op snein naeid wie. Dat dienen se har út. Doe blaesde se samar de siken út.
nl.verhalenbank.25942
Ik haw in man kend, dy wie mei de helm geboaren. 't Wie in sekere de Wilde. Op in snein hearde hy ûnder Lippenhuzen dat dêr in bern raesde. "Der gebeurt hwat", tocht er. "Ik tink dat der ien forsûpt is." Hy der hinne to sjen, mar hy woarde neat gewaer. En doch hied er heard dat ien 'help!' rôp. Letter wie dêr op dat plak ien fordronken.
nl.verhalenbank.25969
Yn Houtigehage wenne in man mei in soan fan achttsjin jier. Dy man wie tsjerks. Alle sneinen gong er mei de jonge nei tsjerke. Ik sei dy moarns tsjin 'e buorliuwe: "As er dy feint nou thús bliuwe liet, hâldde dy jonge syn leven. As er him meinimt nei tsjerke, dan is 't de dood." En dat is dy heit ek oerbrocht woarn, mar hy woe der neat fan witte, hy naem...
nl.verhalenbank.24120
Dy't op snein geboaren is dy kin knoffelbannen lizze en dy kin ek warten ôfnimme. Doe't ik sa'n great fanke wie siet myn gesicht ûnder 'e warten. Doe kom der ris in man by ús, dy sei: "Dû mast de warten telle. Dan mast in tried krije en dêr likefolle knopen yn lizze ast warten hast. En dan mast dy tried ûnder 'e drompel lizze. Dan bist se binnen de seis...
nl.verhalenbank.25950
Minsken, dy't klean oan ha op har stjerbêd, dy't op snein makke woarn binne, kinne net stjerre, sizze se.
nl.verhalenbank.24133
Der wie in man, dy mocht sneins graech fiskje. Op in kear siet er to fiskjen by de Keale wei. As de tsjerke moarns út wie, mocht doomny graech in kuijerke dwaen. Sa kom er by dy fisker. "Fangt it hwat?" frege doomny. "Ja, bêst", sei de fisker. Doomny sei: "Sa fisket elk op syn manier. Ik fiskje om minsken yn tsjerke to krijen en jo om fisken to fangen....
nl.verhalenbank.23476
Ons moeke sei: Wat op sondag moakt is deugt niet. Sondagsteek houdt geen week. As der éen op it doodsbed ligt en die kan niet sterven, dan wordt der wel seid: Het se goed aan, dat op sondag moakt is? Dan moest se wat anders aantrekken. Als se dat aankregen had was se somaar dood.
nl.verhalenbank.24405
35