Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: werken Place of Narration: Opende
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Op 'e klaei gebeurde 't wol dat nachts by de boer de tsjerne gong. Dat wie foartjirmerij. De oare deis woarde der wer tsjerne.
nl.verhalenbank.25962
Luutsens Janke har heit was in Jongsma. Toen dat nog een jonge man was, werkte hij op 't Feen (= Surhuisterveen) bij in boer. Der wou in koe kalven en de boer wou graach dat hij 's oavends terug kwam. Hij ging der 's oavends weer heen. Doar komt hij bij in dam en hij kan niet in stap meer forsetten. Hij het doar in fol uur stoan moetn. Op 't loatst het-ie...
nl.verhalenbank.26010
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kom in man oan. Dy frege: "Hwer wennet Hearke Witteveen?" Doe krige Hearke de ploech en tilde him by de sturt op en wiisde op syn hûs en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25718
De karn moest fastset worden, anders werd der in de nacht doorgekarnd.
nl.verhalenbank.27324
Op guon plakken woarde nachts brake. En ik haw ek wolris heard dat der nachts ergens tursken woarde. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.27878
De kopkes en pantsjes dêr't men út dronken hie, moesten foar de nacht yn elkoar set wurde, oars woarden se nachts brûkt.
nl.verhalenbank.27879
Klaas Kooistra ging op een sondagmorgen it heideveld in om stenen te dollen. Dat deden de arme mensken hier froeger allemoal. Se moesten aan de kost komen. Die stenen werden fijngehouwen en ferkocht. Doar vindt Kloas in stien, die wil hy der uut dollen. Met de boar. Doe is er doar met oan de gang, doe siet er us wat in de ronde, en doe sicht er doar twee...
nl.verhalenbank.25856
Us heit en Ielke-om gongen alle jierren togearre nei deselde boer to ûngetiidzjen. Doe droomde heit op in kear - krekt foardat de ûngetiid bigong - dat heit koe net wer mei. Ielke-om soe de skoansoan meinimme. En doe wìe 't ek sa. Heit en Ielke-om ha doe yn gjin jierren mei elkoar praet.
nl.verhalenbank.25927
Jits Spoelstra wenne op 'e Houtigehage. Sy gong us op in kear nei lytse Kjille op 'e Gordyk. Dat wie in kaertlizter. Jits wie doe noch net troud. Kjille sei tsjin har: "Dû silst in kear oer 't wetter hinne gean, mar ik wit net ast wol werom komste." Jits wie letter by in dûmny as húshâldster. Hy wie by de earste frou wei en troude letter mei Jits. Mar doe...
nl.verhalenbank.25933
As âlde Rikele Myt har man op stap gong nei Stêdskanael to baggeljen of nei de boer op 'e Grinzer klaei, dan song se: "Din, din, din, daar gaat mijn ezel ook weer heen." As er werom kom, song se: "Don, don, don, daar komt mijn ezel weerom."
nl.verhalenbank.27539
Ik hie in grouwe stikelwart op 'e hân. Ik wie der forlegen mei. As ik wurk die op it lân siet de hân altyd ûnder it bloed. Doe kom der ien fan 'e ploech by my, dy sei: "Woestû dy wart kwyt, jonge?" Ik sei: "Dêr ha 'k fan alles al oan dien, hy wol net fuort." "Jow my de hân ris", sei er. Doe nom er syn prúmke yn 'e mûle en struts dêrmei oer de wart hinne....
nl.verhalenbank.26912
Gerrit Boonstra fan Mearum gong moarns bitiid to meanen nei de trambaen, omdat it gers, dat dêr groeide allinne moarns bitiid snije woe. Doe hied er op in kear dêr al tiden meand, doe fornom er pas, dat er de sek noch om 'e seine hinne sitten hie. Doe hied er al in hiele protte gers ôfmeand.
nl.verhalenbank.23459
Myn âlden hienen in flaeksbrake. Ik tsjinne yndertiid as boerefaem. Op in kear kom ik thús, doe seinen se tsjin my: "Sjoch us yn 't achterhûs. Wy hearre de brake iderkear gean, mar wy kinne der noait ien gewaer wurde. Miskien datstû tûker bist." Doe hearde ik it sels ek. Mar ik doarst der net heal hinne omdat it gjin goed spul wie. It wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19500
Hy hat ek us in kear de kop fan 't harspit ôfmeand. Hy hie 't noait fornom. Ûnder 't meanen soed er harje. Hy soe 't harspit krije en doe seach er dat de kop der ôfslein wie mei de seine.
nl.verhalenbank.23461
Sterke Hearke wenne yn 'e Rottefalle (onjuist A.A.J.). Der wie in man, dy hie in kou fan Hearke kocht. Dy wie op 'e merk forkocht woarn troch middel fan in koopman. Doe kom dat net út mei de datum fan 't kealjen. Doe tocht de man, dy't dy kou kocht hie: 'k Mat mar even nei Hearke ta om de juste datum fan 't kealjen gewaer to wurden. Doe trof er in man op...
nl.verhalenbank.24126
Doe't alle minsken in namme krigen, siet der in man op 'e souder, dy wie dêr oan 't wurk. Dy woarde ûngeduldich. Hy stuts syn holle ta 't souder-finsterke út en rôp: "Krij ik ek noch in namme?" De nammejower seach nei omheech en rôp om't er allinne mar in kop seach: Ja - kop!" Sa mat de namme Jakob ûntstien wêze.
nl.verhalenbank.27610
Daar kwam eens een bij Sterke Herke. Die was aan 't ploegen. Kinstoe mij ook fertellen woar sterke Herke woont?" "Joawel", sei Herke. De ploeg het hij kregen en recht uutstooken. "Dáár woon ik." Ons moeke het der wel van ferteld. Ofgryslike sterk was-ie.
nl.verhalenbank.23972
35