Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: voorteken zweven Place of Narration: Opende
Froeger waerden der jouns faek twa ljochtsjes sjoen oer de dyk. Dan seinen se: "Dêr komme mei de tiid huzen to stean." Mar dy huzen steane der noch net. Wol sil dêr in nije wei komme, tsjin 'e Skieding oer, dêr't wy wenne ha.
nl.verhalenbank.32012
Froeger seach men hjir op 'e Skieding hipljochtsjes. Dat wienen foarboaden fan 'e huzen dy't der letter kamen.
nl.verhalenbank.32298
Elke oavond om tien uur kwam der altyd in groat licht answeven by de Leidyk. Mem sei dan: "Wat kan dat toch sijn", want doar was in heel groat gat. Doar kon noait wat overheen rijdn. Dat licht kwam de kant fan Mearum út weg. Loater kwam de tram doar langs presys in deselfde tyd 's oavends tien uur. Dat het dat licht toen west.
nl.verhalenbank.25889
Wy sieten froeger altyd achter in ljochtsje oan jouns. Joun op joun wie dat ljochtsje dêr. 't Wie op Topweer. Omke sei: "Tink der om, dêr komt skielk in wei." En hy hat gelyk krigen. Dêr is letter in hurde wei kaem.
nl.verhalenbank.31930
35