Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It koe gebeure dat der nachts lykstaesjes ûnderweis wienen. Dan woarden de minsken dy't se passearden samar fan 'e wei ôfgoaid. Men mat altyd oan 'e kant rinne, noait op 't midden fan 'e wei.
nl.verhalenbank.26993
Wylde lantearnens wienen hjir froeger in soad. Sokke lantearnens hienen in bitsjutting. Sy woarden hjir fral boppe de heide sjoen. It bitsjutte nije wegen en nije huzen seinen se.
nl.verhalenbank.23141
As de houn spûkgûlt dan leit der ien op stjerren. Wy ha 't hjir hawn dat hjir njonken de dochter forkearing hie mei in feint. Mar doe rekke dy forkearing yn 'e hobbel. De feint wie fan plan har dea to sjitten. Hy rekke har, de kûgel gong troch de hals hinne, mar sy wie net dea.
Fuort dêrnei skeat er himsels dea. It fanke is wer better woarn.
De jouns fan...
nl.verhalenbank.32299
Frou van der Molen - hjir út 'e Pein - en har earste man wienen us op in joun fuort west to praten. 't Wie hjir achter yn 'e Juliana-buert. Sy wienen noch net troud. Doe stienen se ynienen yn 't ljocht. Sy wienen noch net oan hûs ta.
Doe't se thús kommen sei se tsjin har heit: "Hwerom ha jim de lampe sa heech brânnen?"
Doe sei har heit: "Wy ha de lampe...
nl.verhalenbank.25929
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie de man dy't geregeld lykstaesjes seach. Mar hy seach ek allegearre oare dingen foarút. Sa sei er, dat hy hie sjoen dat de tsjerke yn in bioskoop foroarje soe. Dat wie de tsjerke fan Luchtenveld.
Mar dat is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.38011
Als een hond spûkgûlt of de eksters skatteren komt der in dode.
nl.verhalenbank.27325
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
As in sémearmin har fortoant, dan gebeurt der in ûngelok op 't skip.
nl.verhalenbank.27873
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen dat wienen de lettere wegen en huzen.
nl.verhalenbank.25719
Elke oavond om tien uur kwam der altyd in groat licht answeven by de Leidyk. Mem sei dan: "Wat kan dat toch sijn", want doar was in heel groat gat. Doar kon noait wat overheen rijdn. Dat licht kwam de kant fan Mearum út weg.
Loater kwam de tram doar langs presys in deselfde tyd 's oavends tien uur. Dat het dat licht toen west.
nl.verhalenbank.25889
Guon sjogge fantofoaren in bigraffenis. Doe't der ris ien stoarn [wie] yn 'e Pein, sei Bearn v.d. Woude: "'k Ha 't tiden fan tofoaren al sjoen." Bearn moest nachts fan bêd ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.27136
Hjir yn 'e Parken wie in djippe klyndobbe. In man fan it wurkhús sei: "Hjir forsûpt nochris ien, ik ha 't sjoen."
Trije wiken letter fordronk dêr ien.
nl.verhalenbank.27137
Trape men op in pod dan kaem der tonger.
nl.verhalenbank.38017
Hier is een weg, dat is de Bosweg. Froeger noemden se dat de Klontjebuurt. 't Was toen in olle reed met woater.
Douwe het doar is gejammer hoard. Se dochten altyd, dat doar noch us een fordrinken moest, moar nou it in weg is kan 't ook wel een ander ongeluk wordn.
nl.verhalenbank.25898
Froeger gebeurde 't noch wolris dat de minsken yn 'e nacht lykstaesjes seagen. Heit sei: "Altyd oan kant gean. Fral tusken 12 en 1 ûre yn 'e nacht is de gefaerlike tiid." Gong men net oan kant, dan koe 't gebeure dat men oan kant set woarde.
Dat is in feint oerkaem. Dy kom fan Boelensloane en hy soe nei de faem dy't oan 'e Drachtster Dwarsfeart wenne. Hy...
nl.verhalenbank.38001
Yn Feansterheide hearden se wol faek timmerjen op plakken. Dêr kom dan letter in hûs to stean. Ek ha 'k dat wol fan guon heard hjir yn 'e Pein.
Der woarde yn Feansterheide ek wol kloppe op 'e doar. Gongen se der hinne, dan wie der net ien. Even letter hearden se 't selde klopjen wer, dan wie der ien.
Sa wie 't ek mei 't tikjen op 't rút.
As der in hûs...
nl.verhalenbank.27135
Hjir op 'e Skieding stie in âld húske. Op in kear kom pake thús. Doe sei er tsjin heit en dy: "Doe't ik by dat húske lâns kaem, knapte en krêke it dêr en it wie ien fjûr allegear fjûr. Sahwat in tritich jier letter is 't húske ôfbrând.
nl.verhalenbank.16129
Myn tante had forkearing met een fint út 'e Kòrnhörn. Doe het se ergens op 'e kermis weest. Doe sag se doar in de swarte spiegel en doe sag se in hiel ander fintje in de spiegel stoan as dêr't se forkearing mee had. Doe sei se: "Dit is allemoal bedrog."
Even loater komt se in Oldekerk bij een dikke boer te woonen. Se kriegt forkeering met syn seun en sy...
nl.verhalenbank.26014
Op 'e merken wienen froeger altyd wiersizzerstinten. Dêr koenen jy yngean, dan kommen je foar de swarte spegel. Je krigen dan it wiif to sjen, dêr't jy mei trouden, of in deakiste. Dat lêste bitsjutte dat jy net trouwe soenen.
nl.verhalenbank.24171
Egbert Hoekstra hearde op 'e nacht by him yn 'e hûs getimmer. De oare wyks stoar syn frou. Mar de kiste koe net troch de doar en ek net ûnder it finster troch. Doe moest it hiele finster der út. Letter, nei de bigraffenis kom it der wer yn. Doe't se dêr mei oan 't timmerjen wienen, sei er: "Fleden wike ha 'k dat timmerjen ek heard, krekt deselde slaggen....
nl.verhalenbank.38000