Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: verdrinken sterven Place of Narration: Opende
Hjir wie in dobbe, en dêr woarde altyd fan sein, dat dêr noch ris in fanke yn fordrinke soe - ien hie dat ris sjoen -, mar dat is net útkom.
nl.verhalenbank.26897
Wy mochten froeger as bern net by de Poel komme. Dat wie de Kaatspoel yn Grinzer Pein. Hwant dêr soe altyd nochris ien yn forsûpe, wie de hiting. Guon hienen dat fan tofoaren sjoen. Oant nou ta is dêr noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.32017
Hier is een weg, dat is de Bosweg. Froeger noemden se dat de Klontjebuurt. 't Was toen in olle reed met woater. Douwe het doar is gejammer hoard. Se dochten altyd, dat doar noch us een fordrinken moest, moar nou it in weg is kan 't ook wel een ander ongeluk wordn.
nl.verhalenbank.25898
Under 'e Kompenije, by de Skieding, is de Janke-dobbe. Dêr is froeger in fanke yn forsûpt en dy hiet fan Janke. Dêr komt de namme fan. Guon sizze dat Janke dêr noch omspûket.
nl.verhalenbank.26024
Jits Spoelstra wenne op 'e Houtigehage. Sy gong us op in kear nei lytse Kjille op 'e Gordyk. Dat wie in kaertlizter. Jits wie doe noch net troud. Kjille sei tsjin har: "Dû silst in kear oer 't wetter hinne gean, mar ik wit net ast wol werom komste." Jits wie letter by in dûmny as húshâldster. Hy wie by de earste frou wei en troude letter mei Jits. Mar doe...
nl.verhalenbank.25933
Mem fortelde, 't wie yn 'e winter west mei iis. Doe hienen dêr guon in stim heard: "De plaats komt niet tot de man, maar de man tot de plaats." Dat hearden se dêr op 't iis sizzen. Doe wie der ien oanriden kom op redens en dy wie dêr fordronken.
nl.verhalenbank.25893
Ik haw in man kend, dy wie mei de helm geboaren. 't Wie in sekere de Wilde. Op in snein hearde hy ûnder Lippenhuzen dat dêr in bern raesde. "Der gebeurt hwat", tocht er. "Ik tink dat der ien forsûpt is." Hy der hinne to sjen, mar hy woarde neat gewaer. En doch hied er heard dat ien 'help!' rôp. Letter wie dêr op dat plak ien fordronken.
nl.verhalenbank.25969
It forhaeltsje fan 'De tijd is verschenen, de man is er niet' ha 'k wol ris fortellen heard, mar hoe en hwat wit ik net mear.
nl.verhalenbank.31919
35