Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
nl.verhalenbank.27999
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
Yn 'e Wylp wenne in sekere Auke Dykstra, dy wie net by it fé fortroud. Dêr wienen de boeren allegear hwat bang foar.
Der wenne ek in boer, dat wie Jan Farwyk, dy hie in mot mei biggen. Dy biggen wienen trije wiken âld.
Auke Dykstra kom dêr, hy gong by de mot stean en hy gong mar krekt even mei 't stokje oer dy biggen hinne. Sa jage hy se ta 't nêst út.
De...
nl.verhalenbank.26016
Men moet niet iedereen bij 't fé loatn, want der zijn minsken die moakn it fé siek. Die zijn er niet bij fertroud.
nl.verhalenbank.27328
Wy hienen mar ien koe. Dêr wienen wy wiis mei.
Der kom op in kear in keardel by ús. Dat wie Jehannes Bekkema. Dat wie in tsjoenster. Dy gong nei de koe ta. Hy struts mei de hân earst oer de iene side en doe oer de oare side hinne.
Ik sei tsjin Sierd: "Dit is mis. Jehannes hie net by de koe wêze matten, hwant 't is in tsjoenster."
En 't kom al sa út. De...
nl.verhalenbank.21107
Jouns kom pake by heit en dy to praten. Dan koenen se altyd oan 'e kat sjen fan hokker kant as hy der yn kom. As hy der wie dan gebeurde 't wol dat mem it fé fuorre. Dan fleagen de hinnen mei omdraeide koppen fan 't rik ôf.
nl.verhalenbank.27173
Froeger krigen heit en dy de ierappelskilen fan pake en beppe foar 't fé. Doe sei mem us op in kear by ús thús: "Wy meije mei dy skilen wol oppasse, it âld minske kin der wol spjelden tusken dwaen om it fé dea to meitsjen."
Ien fan myn bruorren helle dy deis de skilen op. Doe sei beppe tsjin him: "Mast mar tsjin jimme mem sizze: "Sy hoecht net bang to...
nl.verhalenbank.27176
Jelle Tryntsje het in seun had. Die seun had ruzie met olle Jelle Tryntsje. Hij het hier in de buurt woond.
De hinnen lagen toen bij him met de kop omdraaid, de swienen lagen dood en alle fé was siek. Dat was het wark fan Jelle Tryntsje, die had doar alles bitsjoend.
nl.verhalenbank.26877