Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: trouwen Place of Narration: Opende
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Myn tante had forkearing met een fint út 'e Kòrnhörn. Doe het se ergens op 'e kermis weest. Doe sag se doar in de swarte spiegel en doe sag se in hiel ander fintje in de spiegel stoan as dêr't se forkearing mee had. Doe sei se: "Dit is allemoal bedrog." Even loater komt se in Oldekerk bij een dikke boer te woonen. Se kriegt forkeering met syn seun en sy...
nl.verhalenbank.26014
Op 'e merken wienen froeger altyd wiersizzerstinten. Dêr koenen jy yngean, dan kommen je foar de swarte spegel. Je krigen dan it wiif to sjen, dêr't jy mei trouden, of in deakiste. Dat lêste bitsjutte dat jy net trouwe soenen.
nl.verhalenbank.24171
Froeger gong 't jongfolk wol gau us foar de swarte spegel. Dy't gjin wiif krige seach in kiste, dy't trouwe soe seach syn takomstich wiif. Doe't myn earste man us yn 'e swarte spegel seach, kom der in frommes foar 't ljocht mei lang swart hier. Doe't myn man my letter seach, sei er: Ik woarde kjel. Sa sprekend likestû op dat portret.
nl.verhalenbank.23149
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dy moest in bern ha fan in feint. In pear kear hie se him frege of er mei har trouwe woe. "Né", hie er sein. Doe sei se: "Dan hòeft it èk net mear." Sy hie beide hannen op syn skouders set en him hielendal ynelkoar drukt, dat alle ribben troch de klean hinne stutsen.
nl.verhalenbank.26816
Jits Spoelstra wenne op 'e Houtigehage. Sy gong us op in kear nei lytse Kjille op 'e Gordyk. Dat wie in kaertlizter. Jits wie doe noch net troud. Kjille sei tsjin har: "Dû silst in kear oer 't wetter hinne gean, mar ik wit net ast wol werom komste." Jits wie letter by in dûmny as húshâldster. Hy wie by de earste frou wei en troude letter mei Jits. Mar doe...
nl.verhalenbank.25933
Myn pake en beppe oan heite kant wienen greate tsjoensters. Doe't heit en mem troud binne en se togearre yn 'e trouwein sieten, doe fleach pake harren to foet foarby. Doe wachte er harren wer op. Doe gong de wein wer foarby. Doe fleach hy har wer foarby en wachte harren wer op, oant de wein wer foarby ried. Dat hat er oant trije kear ta dien. Dy keardel...
nl.verhalenbank.27171
35