Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
68 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Opende
Us pake, âlde Jan Nijboer fortelde dat yn 'e Houtigehage, by de wyk wie ris in bern bitsjoend west. Doe hienen se wetter oerset en dêr nuddels yn dien. En dat wie bigoun to sieden. Doe wie der in frou by de doar kom en dy hie sein: "Och heden, set dy tsjettel der ôf, hwant ik ha sa'n pine!"
nl.verhalenbank.38013
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster. Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.38005
In muoikesizzer fan Ingbert wie net goed, dy sukkele altyd. Doe founen se by him in krânske yn 't kessen, hy wie bitsjoend.
De mem Janne learde op dat stuit har dochter Luts it fleanen. Janne koe har yn in kat foroarje. Se ha ris in kear op in fremde kat smiten en dy mei in klomp rekke. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (dat waerd fan Janne forteld.)
By âlde Wytske waerden krânsen foun yn 't kessen fan Foppe. Dy flechte de tsjoenster der nachts yn.
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme. Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert. Hja wie mei de helm geboaren. hja...
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert. As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
Yn 'e Twizeler Mieden wenne in âld wiif, dy hie in swarte spegel. Dêr reizge it jongfolk wol hinne om dêr yn to sjen.
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
nl.verhalenbank.27999
Tsjoensters wienen hjir froeger wol. Hja tsjoenden by oare minsken krânsen fan fearren yn 'e kessens. Bern mochten fan in tsjoenster noait hwat oannimme en opite. Krigen se in apel of sa en dy leinen se ergens del, dan foroare dy yn in pod. In pod is feninich. Hie sa'n bern dy apel opiten dan hie 't bitsjoend west. In tsjoenster foroare har wol faek yn in...
nl.verhalenbank.27994
Japik Ingberts dy koenen se noait gefangen hâlde. Dy gong samar troch de doarren hinne dy't goed fêstmakke wienen mei de kaei. Sûnder dat de slotten stikken wienen krige hy se iepen.
nl.verhalenbank.27619
Edzer Brúntsje koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to exersearen.
Mei skoppenboer koe Edzer Brúntsje (= E. Bruining) in flesse drank helje. Edzer Brúntsje fan Surhústerfean wie in âld tsjoenster.
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
Imke de Jong koe de minsken stean litte.
As de tsjerne bitsjoend wie gongen se nei de duvelbander. Sy krigen guod fan him, dat woarde yn 'e tsjerne goaid.
Duveldrek deden se froeger onder 'e drompel foar de tsjoensters.
In de Parken woonde een old minske en doe hadden se op in kat skoten. De volgende dag hat dat old minske in sear oog had. Dat was de kat.
nl.verhalenbank.27321
Se hadden hier froeger faek kransen in 'e kussens. Myn skoansuster Cor was noait goed. Doe hè se 't kussen openmaakt en doar saten kransen in.
Olle Rikele Myt woonde op 'e Skieding. 't Was in tsjoenster. Op in kear hadden der jonges by olle Myt yn 't appelhof west. Se hadden de blouse fol appels. Moar doe't se wegsouden konden se niet uut it appelhof weg koomn. Op 't lest hadden se de appels delgoaid; doe konden se der pas uutkoomn.
nl.verhalenbank.26020
0