Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
35 datasets found
Dutch Keywords: spoken Place of Narration: Opende
By âlde Sierd en Wytske yn 'e Grinzer Pein (de âlden fan Jelle de Vries fan 'e Parken) lei nachts it hea oer de telle hinne oer de hiele skuorre forspraet. De oare moarns lei 't allegear wer toplak. It spûke dêr.
nl.verhalenbank.38686
Dêr't nou de garages fan De Bruin binne, dêr wie froeger in spoekedaem. Dêr doochde it net. Guon ha dêr wolris hwat sjoen. (Nou komt dêr in fuotbalterrein.)
nl.verhalenbank.32013
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap. Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?" "It sweeft", sei de soan. "Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
Earne op 'e Grinzer klaei stie in boerepleats, der doochde it net. De âld boer, dy't dêr wenne hie, wie formoarde woarn. De doarren woenen dêr nachts noait ticht bliuwe. Jelle Snip fan de Pein hat dêr mei oaren yn 't wurk west. Jelle lei dy nachts ûnder yn 'e skuorre. Doe seach er op 'e koesouder in spûk mei eagen sa great as thépantsjes. Doe hearde Jelle...
Op 'e Grinzer Klaei wienen spoekskuorren. Der wienen plakken, dêr woarden jy nachts samar omrolle of fuortgoaid.
Jierren lyn is der yn de Pein in frou stoarn. De man hie har foar har stjerren hwat biloofd, mar dy bilofte kom er net nei. Doe kom dat minske letter hyltyd by him. Doe hat dy man de doomny der by helle en dy kom fan har to witen hwat se bigearde. De man hat dien hwat hja fan him forlangde en doe hat se dêr letter noait wer west.
Op 'e Keale wei spoeke ek in hynder.
nl.verhalenbank.27151
Yn Lukaswolde spoeke in swart hynder by Willem de Klein. Guon ha 't dêr wolris sjoen.
Ienkear haw ik in pleachbeest by my hawn. 't Like op in swarte kat. Us mem gong altyd nei de feestjes mei de koekjestromp. Op in kear kom ik mei har werom fan De Pein. 't Wie ljochtmoannewaer. Doe wie der in swart beest achter ús, net greater as in kat. 't Bleau ús hyltyd mar folgjen en 't wie flakbij. Ik skopte der op. Mar 't bleau by ús. In hiel ein hat...
Hjir yn 'e Parken spoeken wite wiven en dat wie ek yn 'e Rottefalle it gefal.
Jelle Polderdyk fan 'e Pein wenne hjir tichteby. Hy hie lân yn 'e Kompenije. Jelle soe der hinne to skoffeljen. Hy wie in eintsje fierder as ús hûs. Doe sei er: "Der leit hwat tusken de ierpels yn. Hwat kin dat wêze?" Hy der hinne. Doe rolle dat ding fuort. Jelle sei letter: "Ik kom dêr noait wer! It spûket dêr!"
Op 'e Feansterheide by Folkert en Klaes rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeket dêr.
Der wenne by Saaxum yn Grinslân in boer, dy koe de doarren noait fêst hâlde. As hy se ticht die, se gongen altiten fansels wer iepen.
Op 'e lange loane tusken de Pein en 't Fean yn, dêr roan in bigge sûnder kop. Forskeidene lju ha him sjoen.
Wite wiven spoekje hjir net, wol yn Drinte op 'e heide.
nl.verhalenbank.26899
Tryn Liger woonde in Noordwikumerheide. 't Was in duvel. So'n groate mond! Se durfde alles te seggen. Brutael dat se was! Twee meiskes woonden bij haer in. Die seiden beppe teugen hoar. Die gingen doar noar skool. Toen se groot woaren, moest één van die meiskes befallen. Doe sei myn broer teugen mij: "As it kiend komt, dan moakt olle Tryn hoar dood." En...
nl.verhalenbank.26875
Jelle en Tryntsje wennen yn in húske, dêr wie froeger in berntsje yn formoarde woarn. Letter wie dat berntsje dêr altyd. Dan dânse 't om 'e stile hinne yn 't achterhûs. Jelle Tryntsje hat it faek forteld.
In Körnhörn woonde in man, in sekere de Wit. Die hat een frou, die stierf. Moar se kreeg niet mee in de kiste wat hoar toekwam. Doe kreeg die frou geen rust op 't kerkhof. It duurde niet lang of sy sagen hoar 's oavonds en 's nachts bij huus. Doe ging de Wit noar de doomny tou. "Myn frou loopt", seid-ie. Doe het de doomny hoar froagd wat der oan skeelde....
nl.verhalenbank.26334
Hier woonde in wiefke in Opende, dy sei, der kwam elke oavend een wit ding bij hoar hús langs. Dat suisde heel hard. Hja fortelde 't oan Schoppert (de directeur fan Wilhelmina-hoeve) en dy woe 't net leauwe. Mar hy bislute der mei syn frou op in joun hinne to gean. En doe seagen dy it ek, it âld minske hie wòl gelyk. Mar hwat it wie, bigriepen se net.
Jo matte noait hwat bilove oan ien dy't op stjerren leit. Hwant as jo der net oan foldwaen kinne, dan komt dyselde letter wer.
0