Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: sloot Place of Narration: Opende
Myn man syn heit en twa omkes binne ris op in joun fuort west. Ien fan 'e omkes dat wie Keimpe Hansma. Hja kamen op it Spûkeloantsje by de Boelensloane. Doe't se dêr oan ta wienen woarde Keimpe Hansma samar optild en yn 'e sleat goaid. En der wie neat to sjen.
nl.verhalenbank.38018
Likele Kuipers wenne yn in âlde spitkeet. Hy hie fuort west. Underweis nei hûs moest er noadich út 'e broek. Hy wie al by de Skieding: Hy gong yn in âlde, droege sleat sitten. Doe hearde er hwat fluitsjen. Doe kommen der in hiele protte slangen oan, mei de koaning foarop. Likele hie sa binaud west, dat hy wist net mear hoe hurd as er thúskom wie.
Us heit is Ritske Bekkema. Hy wennet oan 'e Bethlehemsreed yn 'e Boelensloane. Hy hie op in joun fuort west. Doe kom der hwat út in sleat wei en dat kearde him. Datselde is greate Jasper ek alris oerkom.
Yn Topweer ûnder Grinzer Pein gong myn skoanheit Emke Posthuma op in nacht oer de wei. Doe kom der in grouwe swarte houn oan en dy treau him trije kear oer de sleat. 't Wie in pleachbeest seinen se: in swart monster mei gleone egen.
nl.verhalenbank.23144
Myn man syn pake wie in hiele rûge keardel en hy wie bot oan 'e drank. Hy wenne yn Lúxwâlde. Op in joun doe kom er út 'e kroech. Doe hied er hiel bot flokt. Underweis woarde er tije kearen oer de sleat smiten: twa kearen hinne en in kear werom.
nl.verhalenbank.23143
As ien dronken wie en him mâl tjirge ensa, koe 't gebeure, dat de duvel him even letter yn 'e sleat smiet.
nl.verhalenbank.19505
Pleachbeesten wienen sa great as in keal. Se hienen greate gleone eagen en greate earen. Se stienen faek by in omstap. Se joegen noait rûmte, mar se dienen de minsken oars gjin kwea. Se sprongen de minsken ek wol us op 'e rêch. Myn âlde mem hat us ien troffen. Sy roan fan Noard Drachten by de Dwarsfeart lâns en kom oer de Hege Brêge. Doe moest se fierder...
nl.verhalenbank.19496
IJe Wijkstra heeft vier agenten doodgeschoten. In de sloot en achter 't huis waren de bloedsporen van die dode mensen. Die bloedsporen wouden daar niet weg. Die bleven daar.
Het is gebeurd dat ik met mijn vader op stap was. Mijn vader liep noast mij. Opeens wordt mijn vader opgetild en in de sloot gesmeten. Het was heel wonderlijk, maar 't is echt gebeurd. Of dat nou de duivel was, weet ik niet.
Hier kwam froeger in feintsje bij een meiske. Die had eens bij een waarsegster in Leeuwarden west. Se sei tegen hem, hij sou verdrinken krekt voor zijn een en twintigste. Moar dat een en twintigste het-ie ferkeerd ferstoan. Hij kwam noait meer bij een sloot langs of een faart en hij kwam ook niet bij een dobbe of een meertje. Hij was haast een en twintig...
Twee dikke kerels hebn hier woond in een hol in een olle sloot. 't Woaren reuzen. En se roofden ook. Se hebben een old wiefke fan hoar geld beroofd. 't Is lang geleden. Se woonden in de Parken.
nl.verhalenbank.26343
Hy hiet Inke Postema en hy was een getroud man en 't is ook gebeurd. Doe hij pas troud was, wou hij hem niet recht delgeven eerst. Hij was aan de zuip en zo. Een keer was hij hartstikke dronken en alheel slop. Hij kom maar krekt loopn. 't Was oavend en een beetje licht maan. 't Was niet so duuster. Doe Inke aan 't floeken en sweren van ik bin hier niet...
nl.verhalenbank.25857
0