Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: naam Place of Narration: Opende
Frijmitselders sette har namme mei bloed wylst se achter dikke muorren sitte. Hja krije altyd jild. Sy ha in wikseldaelder. It opperwezen matte se ôfsweare en de duvel matte se oannimme.
nl.verhalenbank.19492
Der wienen twa reuzen mei de Boarn oan 't graven. It gong hurd-op, hwant sy hienen elk in heale pream yn gebrûk. Dêr skepten se mei. Doe seach de iene achter him nei 't wurk dat se dy deis dien hienen. De feart wie hielendal bryk. "Aah - krom!" sei er tsjin syn maet. Dat hearden de minsken, hwant in reus praet lûd. Doe joegen se dat plak dêr de namme fan...
nl.verhalenbank.26909
Hoe't de namme Trimunt ûntstien is: Der hat op dat plak froeger in muntslaggerij west.
nl.verhalenbank.23140
Under 'e Kompenije, by de Skieding, is de Janke-dobbe. Dêr is froeger in fanke yn forsûpt en dy hiet fan Janke. Dêr komt de namme fan. Guon sizze dat Janke dêr noch omspûket.
nl.verhalenbank.26024
Topwear is in gehucht ûnder Grinzer Pein. Froeger hat dêr in man wenne, dy hiet fan Top. Dy man hat in skoft fuort west. Doe kom er wer. Doe seinen de lju: "Top is der weer." Sa krige dat gehucht de namme Topweer.
nl.verhalenbank.23138
Doe't alle minsken in namme krigen, siet der in man op 'e souder, dy wie dêr oan 't wurk. Dy woarde ûngeduldich. Hy stuts syn holle ta 't souder-finsterke út en rôp: "Krij ik ek noch in namme?" De nammejower seach nei omheech en rôp om't er allinne mar in kop seach: Ja - kop!" Sa mat de namme Jakob ûntstien wêze.
nl.verhalenbank.27610
35