Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: militair Place of Narration: Opende
Alde Tryn Snipel, de kaertlizter, kaem faek by ús mem. Op in kear wie se by ús, doe kom ús buorman Brant Veenstra der èk yn. Tryn bigoun to sjongen, en doe sei se tsjin Brant: "Dû hoechst net ûnder tsjinst." En 't kaem ek út. Hy lotte frij. (sjoch ek: B65-578 11)
nl.verhalenbank.38007
Sy woenen Imke op it lêst wol graech slite ûnder tsjinst. Hy sette har dêr op alle boegen fêst. Hy krige syn ûntslach, mar doe sei er: "Hark us even, ik wol hjir wol wei, mar it giet fan jimme út. Jim ha my hjir hinne lokke, dat jimme sille my ek bitelje oan 'e ein ta, oars bliuw ik hjir." Doe ha se him syn sinten jown.
nl.verhalenbank.24167
Under tsjinst wienen se forlegen mei him. Sy moesten dêr exerseare, mar hwat Imke to dwaen hie, dy wykte der by wei en roan op it wetter om.
nl.verhalenbank.24166
Doe't wy ûnder tsjinst wienen yn Millingen wie dêr in soldaet fan Uthuzermeden dy doarst dêr op in plak net lâns to rinnen. 't Wie in lange reed, dêr't er net lâns doarst. Ik sei: "Hwat skeelt dy eins? Hwerom doarst dêr net lâns?" "Daar loopt een korporaal langs zonder kop", sei er. Ik sei: "Sjit der dan op!" "Daar durf ik niet op te schieten", sei er.
nl.verhalenbank.27875
Der wenne yn 'e Houtigehage in faem, dy har broer wie ûnder tsjinst maresjaussee woarn. Sy hie forkearing mei in feint, dy woe ek maresjaussee wurde. Mar dan moest er in hiel skoft ûnder tsjinst bliuwe. Dy faem tocht: dan reitsje ik him kwyt, en doe hat se harsels mei 't gewear deasketten. Dat haw ik fan tofoaren sjoen. Ik warskôge se fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24121
Alde Sierde Wytske (^), de frou fan Sierd Polderdyk - = S. de Vries (^) - fortelde my: Myn soan wie ûnder tsjinst. Hy sliepte yn 'e hynstestâl. Hy hie dêr wacht. Hy gong yn 't strie lizzen. Doe kom der in nachtmerje by him. Hy soe har krije. "Hwat soestû, duvel?" sei er tsjin har. Mar dat wie mis. Dat hied er noait sizze matten. Hwant doe pakte de...
nl.verhalenbank.21102
Hindrik was ook onder dienst. Hij stond te boek dat hij gek was. Hij hield zich voor gek. Toen kwam er een dokter, die moest hem onderzoeken. Die had allemaal grote witte koorden om hem toe hangen. Die dokter ging tegenover hem zitten. Doe kreeg Hindrik de koffiepot en doe smeet hij de koffie om hem toe. "Sieso mijnheer, proefst ook eens van de koude",...
nl.verhalenbank.23971
35