Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: markt Place of Narration: Opende
Ik haw to Grins op 'e merk stien mei in kofjetinte. Njonken my stie in âld wyfke, dy fortelde op in kear, sy hie dy nachts droomd, it wie swart fan flychtugen west yn 'e loft. Dat wie krekt de wyks foardat de Dútsers yn oantocht wienen yn 1940.
nl.verhalenbank.25975
Op 'e merken wienen froeger altyd wiersizzerstinten. Dêr koenen jy yngean, dan kommen je foar de swarte spegel. Je krigen dan it wiif to sjen, dêr't jy mei trouden, of in deakiste. Dat lêste bitsjutte dat jy net trouwe soenen.
nl.verhalenbank.24171
Froeger gong 't jongfolk wol gau us foar de swarte spegel. Dy't gjin wiif krige seach in kiste, dy't trouwe soe seach syn takomstich wiif. Doe't myn earste man us yn 'e swarte spegel seach, kom der in frommes foar 't ljocht mei lang swart hier. Doe't myn man my letter seach, sei er: Ik woarde kjel. Sa sprekend likestû op dat portret.
nl.verhalenbank.23149
Yn Drachten op 'e merke hat er de slajut hielendal kapot slein. De man fan 'e Slajut sei: "Hwer komt dy slach wei?" "Fan Bakkefean", sei Ynse.
nl.verhalenbank.26032
Rudolf de Mepske fan 't Faan hie minsken fêstboun oan 't ketting op 'e stâllen. Doe hied er de plaats yn 'e brân stutsen. De minsken dy't fêstboun sieten hienen hiel bot raesd. Doe sei er: "Hoor die muizen eens piepen." Letter hienen se ûnder 'e mûzen sitten. Hy hie in great nij hûs boud mei in brede gracht om 't hiele hûs hinne. Der wie in ophelbrêge by....
nl.verhalenbank.26817
Op in kear roan ik mei Imke de Jong op. Ik hie nei Gerdykster merke ta west. "Hat it hjir feest west, fanke?" frege er. "Ja," sei 'k, "ik ha nei de Gerdyk west." Hy hie platte skuon oan mei sulveren gaspen en hoazzen, dêr't slankjes yn breide wienen. In blauwe sek droech er oer 't skouder, dêr hied er syn harmoanika yn. Hy spile wol by de huzen lâns. "Wie...
nl.verhalenbank.19515
Sterke Hearke wenne yn 'e Rottefalle (onjuist A.A.J.). Der wie in man, dy hie in kou fan Hearke kocht. Dy wie op 'e merk forkocht woarn troch middel fan in koopman. Doe kom dat net út mei de datum fan 't kealjen. Doe tocht de man, dy't dy kou kocht hie: 'k Mat mar even nei Hearke ta om de juste datum fan 't kealjen gewaer to wurden. Doe trof er in man op...
nl.verhalenbank.24126
35