Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: horen sterven Place of Narration: Opende
Ik wie sa'n fjirtsjin jier âld. Myn âlde omke wenne by ús yn. Hy krige longontsteking en dêr is er ek oan stoarn. Ik wie allinne by him. Heit en mem wienen dea. Omke woe de jouns fan bêd ôf en hy wie in dikke, sterke âld-keardel. Hy wie fiifensawntich jier. Ik koe him net keare en hy moest op bêd bliuwe. Doe gong ik der út om myn buorman Gerrit Smit op to...
nl.verhalenbank.26892
Ik ha twa minsken kend, in man en in frou. Dy koenen min mei mankoar. De man bihandele syn frou skandalich. Doe binne se by elkoar wei rekke. Letter helle dy keardel in tige minne streek út. Dat wie in strafber feit en hy woarde der foar op helle. Mar hy sei dat er it net dien hie. De dochter fan dy lju lei dy nachts op bêd. Har mem wie doe al lang...
nl.verhalenbank.25708
Hier is een weg, dat is de Bosweg. Froeger noemden se dat de Klontjebuurt. 't Was toen in olle reed met woater. Douwe het doar is gejammer hoard. Se dochten altyd, dat doar noch us een fordrinken moest, moar nou it in weg is kan 't ook wel een ander ongeluk wordn.
nl.verhalenbank.25898
Wolter Fekje fan 'e Harkema wie stoarn. Tominsten dat mienden se. Mar hy wie skyndea. Hy lei al yn 'e kiste en sy soenen him de jouns bidrinke. Doe sei er ynienen, út 'e kiste wei: "Jow my ek mar in buorrel."
nl.verhalenbank.27880
Mem fortelde, 't wie yn 'e winter west mei iis. Doe hienen dêr guon in stim heard: "De plaats komt niet tot de man, maar de man tot de plaats." Dat hearden se dêr op 't iis sizzen. Doe wie der ien oanriden kom op redens en dy wie dêr fordronken.
nl.verhalenbank.25893
Ik haw in man kend, dy wie mei de helm geboaren. 't Wie in sekere de Wilde. Op in snein hearde hy ûnder Lippenhuzen dat dêr in bern raesde. "Der gebeurt hwat", tocht er. "Ik tink dat der ien forsûpt is." Hy der hinne to sjen, mar hy woarde neat gewaer. En doch hied er heard dat ien 'help!' rôp. Letter wie dêr op dat plak ien fordronken.
nl.verhalenbank.25969
35