Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Rikele Myt dy ha se as in hazze sjoen. Sy ha dy hazze it eech útsketten. De oare deis lei Myt op bêd. Sy wie hielendal opswold by de egen. Sy sei dat se belroas hie. Mar sy hienen har 't eech útsketten. Sy kom letter sûnder eech op 'e lappen. Hja wie in tsjoenster.
Tsjoensters foroaren as katten op in stik greid. Dêr woarde dan bisprutsen hwat se dwaen soenen.
Us pake, âlde Jan Nijboer fortelde dat yn 'e Houtigehage, by de wyk wie ris in bern bitsjoend west. Doe hienen se wetter oerset en dêr nuddels yn dien. En dat wie bigoun to sieden.
Doe wie der in frou by de doar kom en dy hie sein: "Och heden, set dy tsjettel der ôf, hwant ik ha sa'n pine!"
Om in tsjoenster to kearen leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol lei men in fleartûke oer de drompel.
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster.
Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
In muoikesizzer fan Ingbert wie net goed, dy sukkele altyd. Doe founen se by him in krânske yn 't kessen, hy wie bitsjoend.
De mem Janne learde op dat stuit har dochter Luts it fleanen.
Janne koe har yn in kat foroarje. Se ha ris in kear op in fremde kat smiten en dy mei in klomp rekke. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (dat waerd fan Janne forteld.)
By âlde Wytske waerden krânsen foun yn 't kessen fan Foppe.
Dy flechte de tsjoenster der nachts yn.
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat.
Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe."
Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok.
"As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert.
As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
Rikele Myt fan 'e Skieding wie in tsjoenster. Dy koe har yn in swarte kat foroarje. Op in kear wie der in man op jacht. Dy skeat op 'e swarte kat. It each wie der út. Dy kat, dat wie Rikele Myt.
nl.verhalenbank.31926
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
Tsjoensters wienen hjir froeger wol. Hja tsjoenden by oare minsken krânsen fan fearren yn 'e kessens.
Bern mochten fan in tsjoenster noait hwat oannimme en opite. Krigen se in apel of sa en dy leinen se ergens del, dan foroare dy yn in pod. In pod is feninich. Hie sa'n bern dy apel opiten dan hie 't bitsjoend west.
In tsjoenster foroare har wol faek yn in...
Mei skoppenboer koe Edzer Brúntsje (= E. Bruining) in flesse drank helje. Edzer Brúntsje fan Surhústerfean wie in âld tsjoenster.
Rikele Myt biwearde, duveldrek moest fan in tsjoenster komme, oars holp it net.
Rikele Myt hie in freeslik gesicht.
nl.verhalenbank.27543
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542
De tsjoensters koenen har yn katten foroarje. As katten hâldden se in forgadering. Dan sieten se yn 'e rounte. Ien wie de oanfierder, dy liedde de forgadering, dat wie de baes. Sy songen in soart psalm.
nl.verhalenbank.27537
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod.
Fan Rikele Myt doarsten wy noait hwat oan to nimmen.
nl.verhalenbank.27536
Duveldrek deden se froeger onder 'e drompel foar de tsjoensters.