Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: haas Place of Narration: Opende
Alde Rikele Myt dy ha se as in hazze sjoen. Sy ha dy hazze it eech útsketten. De oare deis lei Myt op bêd. Sy wie hielendal opswold by de egen. Sy sei dat se belroas hie. Mar sy hienen har 't eech útsketten. Sy kom letter sûnder eech op 'e lappen. Hja wie in tsjoenster.
As de bern bitsjoend wienen gongen de âlders meastal nei in duvelbander ta. Dat wie wol gauris Jonge Jan fan it Wytfean. Jonge Jan joech dan in drankje mei en dan warskôge er dat se it drankje goed forburgen yn in bûse by har drage moesten, hwant der koe ris in hazze wêze ûnderweis, dy't by har opsprong en it fleske stikken makke. Der hat hjir us ien wei...
In tsjoenster foroaret har yn in dier. Us heit hat us in tsjoenster sketten mei 't gewear, doe hie se har yn in hazze foroare. Doe hied er hagel yn 't gewear. Dat gebeurde sa. Hy wie der us op in joun mei ljochtmoannewaer op út to stropen. Doe seach er in hazze. Hy skeat der op. 't Wie âlde Jelle Tryn. Jelle Tryn hie de oare deis in doek om 'e holle. Heit...
Jelle Witteveen fan Surhústerfean soe mei de trein út Feanwâlden nei Bûtenpost. Doe kom er op 't stasjon to Feanwâlden. De trein sette him krekt yn biweging. Doe seach er in hazze rinnen op 't stasjon to Feanwâlden. Dy biroan er. Doe't er dy hie, soed er de trein achternei. Doe seach er wer in hazze. Dy biroan er èk. En dy nom er èk mei. Doe biroan er de...
Alde Rikele Myt koe tsjoene. Sy kom us in kear by minsken, doe sei se tsjin 'e frou, dy't widdou wie: "Hwat hast in moaije geit." En sy striek mei de hân oer de geit hinne. Doe woarde dy geit siik. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Jonge Jan fan 't Wytfean. It wie de soan fan 'e widdou dy't dêr hinne gong. Hy krige in drankje mei. Jonge Jan...
nl.verhalenbank.26785
't Gebeurde ek, dat der ien in drankje helle hie fan 'e duvelbander. Doe moest er ûnderweis út 'e broek. Wylst er dêr siet, kom der in hazze oanrinnen en dy fleach tsjin 't drankje oan. Doe rekke 't drankje stikken, dat doe moest er werom. Dy hazze hat de tsjoenster west.
Klaas Kooistra ging op een sondagmorgen it heideveld in om stenen te dollen. Dat deden de arme mensken hier froeger allemoal. Se moesten aan de kost komen. Die stenen werden fijngehouwen en ferkocht. Doar vindt Kloas in stien, die wil hy der uut dollen. Met de boar. Doe is er doar met oan de gang, doe siet er us wat in de ronde, en doe sicht er doar twee...
nl.verhalenbank.25856
Olde Bearn van der Woude fortelde over in hoas. Doe liep ik, seid ie en der was in dikke hoas. En doe seit er: ik der hinne met 't geweer om de hoas te skieten. En ik skiet der op en hij fliegt over de kop en weg was er. 't Schot was der uut. Ik kon niet meer schieten. De andere oavend kwam ik op 't selde plak. Doar was de hoas weer. "Nou bist der west",...
Op in kear soe Gerrit mei de trein nei Ljouwert ta. Hy ried earst mei de hounekarre nei 't stasjon to Feanwâlden. Sy kommen krekt to let. De trein ried krekt fuort. Doe soe hy der mei de hounekarre achteroan, mar doe wie der krekt in hazze op 't stasjon. "Caesar, sjochst him?" rôp Gerrit. Caesar pakte de hazze en Gerrit droech him yn 'e linkerhân. Doe...
0