Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: dag Place of Narration: Opende
De mem Janne learde op dat stuit har dochter Luts it fleanen. Janne koe har yn in kat foroarje. Se ha ris in kear op in fremde kat smiten en dy mei in klomp rekke. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (dat waerd fan Janne forteld.)
nl.verhalenbank.38002
Jan Hepkes hie yn Dútslân west by in boer. 't Wie in hiele droege simmer. De boer hie in put njonken hûs, dy wie hielendal droech west. De boer sei tsjin Jan, hy moest dy put mar ris skjinmeitsje. Jan rekke der yn mei touwen en in amer. 't Wienen hiele lange einen tou, dy woarden oan elkoar knope. Jan sakke al mar djipper en djipper. Der kommen hyltyd...
nl.verhalenbank.26820
As in houn spûkgûlt stjert der gau ien dy't tichteby wennet. Gewoanlik duorret it in dei of trije.
nl.verhalenbank.27310
As jo fyk oan 'e finger ha, dan matte jo de finger yn in levende podde triuwe, krekt sa lang oant de podde dea is. Dan is de sykte oer. In kikkert kin ek. Yn trije dagen is men de fyk kwyt. Men kin de finger ek yn eigen ûntlesting dwaen. Dat die hjir in boerefrou altyd. Dan gong it ek oer.
nl.verhalenbank.27882
As Rikele Myt jin hwat joech, moest men dat noait opite, hwant dat foroare yn in pod. Rikele Myt joech sels ta dat se in tsjoenster wie. As se jin in apel joech, moest men dy ûnder in kop lizze en dan nei trije dagen der wer nei sjen. Dan wie 't in pod. Myt siet jouns mei in spjelde to prippen yn in popke. Dan wie se wer oan 't tsjoenen.
nl.verhalenbank.19511
35