Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: boot Place of Narration: Opende
Sweitse Oldenburger fortelde: "Ik farde mei de boat, doe wie 'k op Readskuorre, doe trof ik dêr hwat by de hekke. Dêr stie de duvel mei de bek wiid iepen. En hy brulde hiel bot. Fan dy tiid ôf bin ik bikeard. Doe ha 'k it noait wer raer dien."
Sipke Albert gong nachts faek nei de Feanster boat nei Ljouwert en Grins ta. Onderweis sprong him op it plak dêr't Gietema wennet in dier op 'e rêch en dat lei him de poaten op 't skouder. Dat dier wie tige swier. Dan moest er dat dier meidrage oan 'e AVEK ta. (dêr't de Warreboskloane bigjint). Dan gong 't wer fan 'e rêch ôf. Dan spielde Sipke fan swit....
nl.verhalenbank.38687
Alde Sipke Albert fan Grinzer Pein lake noait. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Hy wie fékoopman en koe dwaen en litte hwat er woe. Der wie noait jildgebrek. Mar der moest altyd in man wêze dy't him nei de boat tabrochte as it tsjuster wie. Allinne doarst hy der by nacht net út. Dan wie er deabinaud. Myn man syn broer hie in dochter fan him.
nl.verhalenbank.38021
Hjir kom froeger wol in man, dat wie Imke de Jong. It wie in gûchelder. Hy liet de minsken stil stean. Dan koenen se net in stap gean. Hy krûpte ek troch in pomp. Op in kear siet de plysje achter him oan. 't Wie yn Den Helder. Imke roan hurd nei de kade ta. Dêr sprong er yn 't wetter en hy swom ûnder in greate boat troch en hy kom op in hiel oar plak wer...
Sipke Gjaltema wie hynstekoopman hjir yn 'e Pein. Hy wie de rykste fan 't doarp. Dat kom, hy hie in wikseldaelder. Die hied er fan 'e duvel krige. Hy leefde tige sober. Mar de duvel hie him yn 'e macht. As er mei de Feanster boat gong nei Grins ta en hy nom in bakje kofje en hy lake, dan foel alles yn diggels op 'e groun. Hy gong altyd ûnder geleide nei...
nl.verhalenbank.25995
0